Dekemastate (Huzum)

Dekemastate wie in eardere state by Huzum, yn de gemeente Ljouwerteradiel (Súd), op it plak fan de tsjintwurdige Smidsbuart, Hofstrjitte en Gymnasiumstrjitte. Fan de state is neat werom te finen.

De oarsprong fan state/stins of Decamahof, It Aldhof leit (fier) foar 1500. Dekemastate waard bewenne troch haadlingen út itselde laach as dy fan Jellum, Baard en Jelsum. Yn 1491 hie Wâte fan Decama hjir syn residinsje. In 1558 wenne hjir Piter fan Decama, Riedshear fan it Hof fan Fryslân, goed roomsk en dus foar de Spanjerts. Julius (Juw) fan Decama, grif in soan fan Piter, wenne der yn 1570, ek Ried yn it Hof fan Fryslân en like roomsk en Spaanskgesind as syn heit. Yn 1578 moast hy dan ek flechte foar de Kalvinisten. De befolking fan Ljouwert fernielde “na bekomen appoinctement” fan it gerjocht it hûs en hof. Yn letter iuwen waard der in pleats op dat stee boud dy't der yn de tritiger jierren fan de 20e iuw noch stie en dy't doe brûkt waard as garaazje.

De "Tegenwoordige Staat van Friesland" fernijt yn 1786: Het Oudhof of Dekama State was ook onder dit Dorp gelegen, en in 1570 de woonplaats van den Heer J. Dekama, Raad in den Hove van Friesland; doch deeze State is ook al voor langen tyd in eene enkele boereplaats veranderd, die vry van Floreenschattinge is, hoedanige maar zeer weinige in deeze Provincie worden gevonden.

  • 1491 Wâte fan Decama
  • 1558 dr. Pieter fan Decama
  • 1570 dr. Julius van Dekama
  • yn 1578 troch de Ljouwerter befolking fernield

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerteradiel, troch dr. G. Abma, 1984
  • Tegenwoordige Staat van Friesland, boek 2, 1786
  • Stinzen yn Fryslân