Deo Volente

Deo Volente is in Latynske útdrukking, dy’t “as de heare it wol” betsjut. Dizze útdrukking wurdt faak ôfkoarten ta “D.V.”. It wurdt brûkt by oankundigen fan fergaderingen, brulloften en oare eveneminten om oan te jaan dat men as minsk de takomst net ûnder kontrôle hat, mar ôfhinklik is fan God.

Dizze útdrukking komt út de tekst Brief fan Jakobus 4:13-15. No jo der sizze: wy sille no of moarn nei de stêd reizgje, en der in jier trochbringe, en hannelje, en winst meitsje. Jo, dy net witte, wat moarn sil barre, want hoe is jo libben. It is in damp, dy’t yn tiid as neat wurdt sjoen, it sil ferdwine. Yn plak dat jo sizze: As de Hear it wol, en wy libje sille, sa sille wy dit of dat dwaan.

skriuwwize.Bewurkje

D.V heart by de datum. Derom moat D.V op ien rigel skeaun wurde. Bygelyks

D.V. 14 maaie 2007.