Derogaasje (Jeropeesk rjocht)

Derogaasje is in rjocht yn de Jeropeeske Uny om op in beskate manier fan de algemien fêststelde noarm ôf te wiken. It is in formele foarm fan derogaasje.

It wurd "derogaasje" is op Jeropeesk mêd yn ferbân brocht mei de nije dongwetjouwing dy't mei yngong fan 1 janewaris 2006 yn wurking trêde.

De Jeropeeske Nitraatrjochtline stelt dat alle Jeropeeske lidsteaten net mear as 170 kg stikstof út dierlike dong de hektare oanbrocht wurde meie. Dêrop is foar in tal lannen, ûnder guon betingsten, in útsûndering makke. Dat giet om de lannen Denemark, Dútslân, Ierlân, Nederlân, Belgje (allinnich foar Flaanderen) en Itaalje (allinnich foar Piëmont, Lombardije en Emilia-Romagna).

De melkfeehâlders yn dy lannen kinne in berop dwaan op dy derogaasje. Hja meie 250 kg stikstof út dierlike dong de hektare op greide oanbringe. De reden dêrfoar is dat yn dy lannen en regio's de útsûndering krije dat dêr in hegere opbringst fan de greide en it gruttere ferlies fan stikstof, yn de foarm fan distikstof, yn de loft. Beide binne it gefolch fan sêfter klimaat mei in soad rein en in relatyf wiete boaiem. Oan de derogaasje is de betingst ferbûn om de effekten dêrfan goed yn 'e gaten te hâlden en elts jier in rapprt dêrfan op te stellen.

Underwilens binne der ek oare ûnderwerpen dêr't in derogaasje op krigen wurde kin, lykas de noarmen foar luchtkwaliteit.

Keppeling om utens

bewurkje seksje