Nitraatrjochtline

De nitraatrjochtline is in Jeropeeske rjochtline fan 1991 dy't it brûken fan stikstof yn de lânbou regulearret om it fersmoargjen fan it oerflaktewetter en grûnwetter tefoaren te kommen.

Jeropeeske rjochtlinen binne net fuortendaliks fan tapassing op de ynwenners fan de lidsteaten, mar moatte troch de lidsteaten oerset wurde ta nasjonale regeljouwing. Yn Nederlân is de Nitraatrjochtline oerset yn it Aksjeprogramma Nitraat.

De Nitraatrjochtline befettet gebrûksnoarmen foar it brûken fan dierlike dong en stikstofkeunstdong. De hoemannichte stikstof dy't op it lân oanbrocht wurde mei hinget ôf fan it gewaaks. Foar alle gewaaksen jildt lykwols in maksimum fan 170 kg stikstof de hektare út dierlike dong, as it moat wêze dat in lidsteat in útsûndering, derogaasje, krigen hat.

De Nitraatrjochtline biedt de mooglikheid foar lidsteaten en krij in útsûndering foar it brûken foar dierlike dong. Dy derogaasje wurdt yn werklikheid allinnich jûn foar greide yn de melkfeehâlderij yn gebieten dêr't de greidrispinge heech is, lykas yn Nederlân. Oan de derogaasje stiet foaroer dat de effekten yn 'e gaten holden wurde moatte en elts jier rapportearre wurde te moatten, itjinge yn Nederlân troch de RIVM dien wurdt.

Njonken Nederlân, hawwe Denemark, Dútslân, Ierlân, Belgje (allinnich foar Flaanderen) en Itaalje (allinnich foar Lombardije, Piëmont en Emilia-Romagna) derogaasje krigen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: