Dick van den Heuvel

Dick van den Heuvel (22 augustus 1956) is in Nederlânske skriuwer fan senario's, boeken en teäterstikken.

Dick van den Heuvel
regisseur en/of produsint
Dick van den Heuvel (2020)
Dick van den Heuvel (2020)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 22 augustus 1956
berteplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as senarioskriuwer, regisseur en teäterprodusint

Wurkpaad bewurkje seksje

Van den Heuvel gie nei it Atheneum B en gie doe as 17-jierrige nei de Nederlânskje Film en Telefyzje Akademy. Dêr studearre er ôf yn 1978, wêrnei ’t er him oant 1986 dwaande hold mei produksjelieding en rezjyassistinsje.

Foar it Amsterdamske amateurselskip Toetssteen skreau er yn dy tiid al geregeldwei toanielstikken. Mar begjin jierren njoggentich begûn hy ek foar profesjonele selskippen en produksjemaatskippijen te skriuwen. Foar de KRO skreau er de 13-dielige jeugdrige De Legende van de Bokkerijders (dy ’t yn 2006 op dvd ferskynde). Ek skreau er de rige Nosmo King foar de NPS, Combat foar Veronica en mei Stan Lapinski en Simon de Waal de rige Russen (wêrfan't in oantal seizoenen op dvd útbrocht waarden).

Mei Stan Lapinski en Henk Apotheker skreau Van den Heuvel de plysjerige Van Speijk. Dizze rige waard yn 2006 en 2007 troch telefyzjestjoerder Talpa útstjoerd. Hy hat fjouwer saneamde telefilms op syn namme stean: Dat is nooit mijn naam geweest (rezjy Eric Oosthoek), De stilte van het naderen (rezjy Stephan Brenninkmeijer), Sloophamer (rezjy Ger Poppelaars) en Eigenheimers (rezjy Pollo de Pimentel). Fierders skreau er, tegearre mei Simon de Waal, fjouwer thrillers oer de speurder-apteker C.J. van Ledden Hulsebosch, wêrfan’t de titels binne: Moord in Tuschinski, De wraak van de keizer, Spelen met vuur en De Rembrandtcode (allegear by útjouwerij De Fontein).

De rige religieuze thrillers oer de plysjepastor Cas Wulffers (haadpersoan fan de telefyzjerige Missie Warmoesstraat dy't er yn de mande mei Simon de Waal betocht) is ek skreaun troch Van den Heuvel. It sânde diel (De Doodshoofdvlinder) ferskynde yn 2007.

Foar it teäter bewurke hy berneboeken as De Zevensprong en De brief voor de koning (beide fan Tonke Dragt) en De Griezelbus en Dolfje Weerwolfje (beide fan Paul van Loon) ta musicals. Ek wie hy de bewurker fan Jan Wolkers syn roman Turks fruit, dy't as musical yn seizoen 2005/2006 trije Musical Awards wûn, ûnder oaren dy foar bêste lytse musical. Hy skreau it skript fan de musical Ramses (seizoen 2011/2012) oer it libben fan Ramses Shaffy, regisearre troch Peter de Baan en produsearre troch Albert Verlinde.

Yn 2019 skreau hy mei Steven de Jong it senario fan it filmprojekt Grutte Pier

Wurk bewurkje seksje

Seizoen Titel Soarte
1981 Als de lente komt telefyzjefilm
1982 Er waren twee Koningskinderen telefyzjerige
1990 Meidagen toaniel
1992 De dromendief toaniel
1995 Nosmo King telefyzjerige
1998 Combat telefyzjerige
1998 tot 2000 In de praktijk telefyzjerige
2001 Doei telefyzjerige
1992 Plantage Allee telefyzjerige
1994 De legende van de Bokkerijders telefyzjerige
1996 Tasten in het duister minyrige
1996 Nosmo King telefyzjerige
1997 Het huis met de twaalf deuren telefyzjerige
1997 Monumenten om ons heen telefyzje
1997 Het recht van de zwakste telefyzjerige
1997 De zaak L.A. Ries toaniel
1998 Post uit de Antillen telefyzjerige
1998 Wat gebeurde er toch met Baby Jane toaniel
1999 De Filobus telefyzjerige
1999 De passie van Lucas musical
1999/2000 Home musical
1999/2000 Python muzykteäter
2000-2005 Russen telefyzjerige
2001 De stilte van het naderen telefilm
2001 De Griezelbus musical
2002 Asdach toaniel
2002 Bagger toaniel
2003 Sloophamer telefilm
2003 De wraak van de keizer roman
2003 Dolfje Weerwolfje musical
2004 Missie Warmoesstraat telefyzjerige
2004 De Zevensprong musical
2004 Wulffers en de zaak van de vermoorde onschuld boek (mei Simon de Waal)
2004 Wulffers en de zaak van de bloedverwanten boek (mei Simon de Waal)
2005 Wulffers en de zaak van de dode hoek boek (mei Simon de Waal)
2005 Wulffers en de zaak van het galgenmaal boek
2005 RZpkt toaniel
2005 Het raadsel van de kluizenaar roman
2006 Wulffers en de zaak van het doodlopende spoor boek
2006 Wulffers en de zaak van de karaktermoord boek
2006 Als op het Leidseplein musical
2006 Daggoedays toaniel
2006 Liefde is kouder dan de dood toaniel
2006 Milarepa toaniel
2006/2007 Van Speijk telefyzjerige
2007 Wulffers en de zaak van de doodshoofdvlinder boek
2007 Wulffers en de zaak van de monddode boek
2007 Eigenheimers telefilm
2007 De mars der mankementen roman
2007/2008 De brief voor de koning musical
2007/2008 Route 66 musical
2007/2008 Os & Ezel, het evangelie volgens Kees musical
2007 Grommel en de anti-kerst musical
2007/2008/2012 De gebroeders Leeuwenhart musical
2008/2009 Ko! toaniel
2008/2009 Brandende liefde musical
2009 De hel van '63 roman
2009 De gelukkige huisvrouw toaniel
2009 Sjakoo musical
2009 De wonderlijke reis van mijnheer Prikkebeen musical
2009/2010 Dromen... zijn bedrog musical
2010 De tranen van Van Gogh roman
2010 Kruimeltje musical
2010 De Kraaien van Van Gogh roman
2010 Dusty muzykteäter
2010 Daendels musical
2010 Homeless musical
2011 Nova Zembla roman
2011 De schaduw van Vermeer roman
2011 Nightmare musical
2011 Herinnert u zich deze nog? musical
2011 Paul Vlaanderen en het mysterie van de verzonnen dood toaniel
2011 Razend film
2011 The Music Battle Show teäter
2011 Help! Ik heb mijn vrouw zwanger gemaakt! toaniel
2011/2012 Ramses musical
2012 Nathans Erfenis roman
2012/2013 Dik Trom musical
2012 Home again musical
2013 Spijt! film
2013 Leve Boerenliefde film
2013 Alles went behalve een vent muzykteäter
2013/2014 De kleine blonde dood musical
2014 Afblijven musical
2014 De zwarte dag van Oswald roman
2015 Robert Long musical
2015/2016 Spijt musical
2016 Keet & Koen en de Speurtocht naar Bassie & Adriaan film
2016 Hotel de Grote L musical
2016 Fataal Film
2016 Intouchables toaniel
2016/2017/2018 SeksTips musical
2017 Razend musical
2017 Voor alles een eerste keer musical
2017/2018 Tina de musical musical
2017/2018 Was getekend Annie M.G. Schmidt musical
2017/2018 Een Spook(T)huis voor Fiene musical
2018 Fataal musical
2018 Rondom het Rembrandtplein musical
2018 De Kameleon telefyzjerige
2018 De brief voor de koning musical

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: