Teodoarik I

(Trochferwiisd fan Diderik I)

Teodoarik I, of ek wol Diderik I, (390 of 39320 of 24 juny 451) wie kening fan de Fisigoaten fan 418 oant 451). Hy waard grut as gizeler by it Romeinske hof en wie de jongere broer fan Wallia. Under syn lange bewâld ferstjerke hy stadichoan de posysje fan de Fisigoaten yn Galje. Foar in part troch diplomatike handigens, mar ek mei geweld groeide ûnder syn hearskippij in tichte bân tusken de Fisigoaten en it West-Romeinske Ryk út ta in ûnbidige selsstannigens.

Teodoarik I, skildere yn 1635 troch Félix Castello.

Opstân fan de Fisigoaten bewurkje seksje

De rebûlje dy't ûntstie yn it Romeinske ryk nei de dea fan keizer Honorius yn 423 joegen Teodoarik I alle gelegenheid him te ûntdwaan fan de oerhearsking troch de Romeinen. Om-ende-by sân jierren hâlde hy him sawat ûnôfhinklik en amper hindere koe hy syn ynfloed útwreidzje nei Spanje. Likernôch 426 foel syn leger de Alanen oan, en brocht harren in ferneatigjende nederlaach ta. De kening fan de Alanen, Attakes, sneuvele yn dit gefjocht en syn folk socht in goed hinnekomen by de Asdingen. Yn Galje slagge Teodoarik dêryn syn gebiet stadichoan út te wreidzjen oant de Middellânske See. Lykwols mislearre syn poging om de hân te lizzen op Arles.

It Romeinske leger yn Galje, dat ûnder befel stie fan de magister militum Aetius koe de earste jierren net folle dwaan tsjin de opstân fan de Fisigoaten. De Romeinen hienen de hannen fol om harren hearskippij te werstellen yn de rest fan Galje. Nei 430 kaam it Romeinske leger nei it suden om de Fisigoaten te betwingen. Yn de Slach by Arles waarden de Fisigoaten ferslein en moast kening Teodoarik de Romeinske supremasy erkenne.

Kriich mei de Romeinen (437-439) bewurkje seksje

Doe't it Romeinske leger yn 436 wiidweidich op fjildtocht wie tsjin de Boergonden en de Bagauden ûntdie Teodoarik him foar de twadde kear fan it ferdrach mei de Romeinen. Opnij besocht Teodoarik syn grûngebiet te fergrutsjen rjochting de Middellânske See. Hy oermastere de stêd Narbonne en krige it kustgebiet yn hannen. De Romeinen wienen pas yn 437 ree om tsjin de Fisigoaten op te lûken. Mei de nije oermastering fan de stêd Narbonne begûn in twa jier doarjende kriich. In Romeinsk leger dat ûnder befel stie fan generaal Lotoarius soe der lang om let yn slagje om in belis te slaan om de Fisigoatyske haadstêd Tolouse en de frede ôf te twingen. Dêrnei hâlde Teodoarik him rêstich, wol wegere hy safolle mooglik mei te wurkjen mei de Romeinen.

De slach by Sjalôns bewurkje seksje

Yn 451 foelen de Hunnen mei in geweldich grut leger it Romeinske ryk yn. Dit leger dat, útsein de Hunnen ek bestie út ferskate ûnderwurpen Germaanske folken, stuts de Ryn-grins oer en krongen oant Orléans Galje yn. Teodoarik wegere tenearsten gehoar te jaan oan de oprop fan it Romeinsk oerbefel, him oan te sluten by it Romeinske leger. Generaal Aetius, dy't net sûnder help fan de Fisigoaten foldwaande wjerstân biede koe tsjin de Hunnen, kearde him ta de ynfloedrike senator út Auvergne, Avitus, dy't 14 jier letter ta keizer beneamd wurde soe. Avitus, dy't in wichtige rol spile hie by de opfoeding fan Teodoarik, slagge dêryn om him oer te heljen. Tegearre mei it leger en oare foederaty luts Teodoarik yn juny 451 op tsjin de Hunnen. Yn Champagne op de Katalaunyske fjilden by Sjâlons kaam it ta in grouwélich treffen tusken beide legers. De slach by Sjalon waard troch de Romeinen en harren bûnsmaten wûn. Yn de striid sneuvele de Fisigoatyske kening. Neffens de oerlevering waard hy rekke troch in spear dy't troch in Ostrogoat nei him tasmit waard. Hy waard opfolge troch syn âldste soan Torismund.

Literatuer bewurkje seksje