Diego Rodríguez de Silva y Velázquez, koart Velázquez (Sevilla, 6 juny 1599 - Madrid, 6 augustus 1660) wie in Spaanske keunstskilder dy't oan it hof fan kening Filips IV wurke dêr't er in protte portretten fan leden fan de keninklike famylje makke. Teffens produsearre er inkelde religieuske- en sjenrewurken.

Selsportret fan Diego Velázquez, ±1643 (Galleria degli Uffizi, Firenze).
Vieja friendo huevos (1618, Alde frou oan 't aaisieden). National Gallery of Scotland, Edinboarch.

Yn begjin 19e iuw stie it wurk fan Velásquez model foar de realistyske en impresjonistyske skilders, foaral Édouard Manet stie ûnder de ynfloed fan syn wurk. Sûnt hawwe mear moderne keunstners Velásquez ta foarbyld naam. De Spaanske skilder Pablo Picasso en Salvador Dalí, mar ek de Ingelsk-Ierske skilder Francis Bacon hawwe guon fan syn bekend wurk op 'en nij skildere en him sa eare.

 
Breda jout him oer (les Lanzas), Spinola kriget de kaaien fan de stêd, 1634-1635, Oaljeferve op doek, Museo del Prado, Madrid

Velázquez waard yn Madrid ynspirearre troch it wurk fan Titiaan yn de keninklike samling en troch Rubens, dy't er yn 1628 moete. Hy wie yn Itaalje fan 1629 oant 1631 en fan 1648 oant 1651. Yn dy twadde peroade skildere er paus Innocentius X. Velázquez hearde ta de lege Spaanske adel, sûnder titel en waard opnomd yn de Oarder fan Sint Iago.

Syn betide wurk yn Sevilla lit in útsûnderlik realisme en weardigens, nocht en wille yn it skilderjen fan beskate struktueren, rikens oan kleuren en kontrasten fan ljocht en skaad sjen.

It oare wurk is tige basearre op it wiernimmen, dêrtroch binne er in soad oerienkomsten mei de Hollânske skildersskoalle fan Barokke keunstskilders. Velázquez hie niget oan in hiele protte kanten fan it bestean: foar it ljocht dat op in krúk, in lapke stof of in karaf mei wetter falt, foar kleurnuanses en skaden - mar foaral foar de blik yn de eagen fan minsken, foar de lytse fâlden om harren mûle, foar de linen yn harren antlit.

De myte bliuwt yn it wurk fan Velázquez hieltyd oanwêzich, mar noait sûnder irony of kommentaar. Bacchus wurdt eare troch fleurige, wyndrikende boeren. De goadinnen Athene en Arachne moatte nei de eftergrûn wike, de ienfâldige arbeidsters fan de spinnerij wurde op de foargrûn fan it skilderij helle.

 
Kening Filips IV, breahear fan Velázquez (c. 1631-1632)
  • Bacchus en de drinkers (Madrid)
  • Hofnar (Richmond)
  • Olivares (New York)
  • Smidse fan Fulkanus (Madrid)
  • Oerjefte fan Breda (Madrid)
  • Filips IV (Madrid)
  • Don Carlos (Madrid)
  • Earedames (Madrid)
  • De Tapytweefsters (Madrid) - tsjintwurdich ek wol De sage fan Arachne neamd.
  • Oanbidding fan de wizen (Madrid)
  • Infante Margarethe (Madrid)
  • Rúterportret fan Olivares (Madrid)
  • Kristus by Martha en Maria (Londen)
  • Kristus oan de giselpylder (Londen)
  • Fenus foar de spegel (Londen)
  • Portret fan Gongora (Boston)
  • Portret fan Filips IV (New York)
  • Infante Maria Theresia (Wenen)
  • Balthasar (Wenen)
  • Carlos (Wenen)
  • Demokritos (Rouen)
  • Wetterferkeaper (Florense)
  • It feest fan Bacchus
  • Twa manlju oan tafel
  • De wetterferkeaper fan Sevilla
  • Trije muzikanten
  • Jozefs mantel by Jakob brocht
  • De onbevlekte ontvangenis
  • It miel te Emmaüs
  • Prins Balthasar Carlos as jager
  • Alde frou oan 't aaisieden
  • De naaister
  • Sint-Antonius Abt en Sint Paulus de Heremyt
  • Paus Innocentius X
  • Don Sebastián de Morra

Museums mei wurk fan Diego Velázquez:

Keppelings om utens

bewurkje seksje