Postkoets
In postkoets is in troch hynders lutsen reau (koets) foar it ferfier fan post en reizgers. Postkoetsen rieden tusken posthaltes, plakken dêr't de hynders, koetsiers en reizgers ite, drinke en rêste koene en dêr't yn- en útstappe wurde koe.
De basis fan it lettere postkoetsesysteem yn Jeropa is al lein doe't de Romeinen in netwurk fan diken oanleine foar it fluch oerbringen fan berichten en troepen.
Sûnt 1489 fersoarge de aadlike famylje Von Thurn und Taxis yn opdracht fan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk in netwurk fan koerierstsjinsten dat in grut part fan Jeropa bestruts.
Yn Nederlân waarden postkoetstsjinsten yn de 18e iuw en de 19e iuw fersoarge troch de firma Van Gend & Loos. Yn de 18e iuw waard ek it komfort fan de postkoets ferbettere, benammen in bettere fearring makke it reizgjen nofliker. Dy lúksere postkoets waard doe diligence neamd. Op de meast net ferhurde diken waarden de passazjiers nammentlik ûnhuerich troch elkoar skodde, dat men kaam faak út de liken op it plak fan bestimming oan.
Foar de komst fan it spoar hie Jeropa in wiidweidich netwurk fan postwegen. It spoar hat yn de 19e iuw de postkoets folslein ferkrongen, om't de trein folle hurder koe en de reizger mear komfort krige.