De Dinaryske Alpen is in berchtme, dat oer de westlike Balkan by de kust fan 'e Adriatyske See lâns rint en dielen fan Itaalje, Sloveenje, Kroaasje, Bosnje-Hertsegovina, Servje, Montenegro, Kosovo en Albaanje beslacht. It berchtme bestiet út karst en kalkstien, wêrby in protte grotten útsletten binne. De Dinaryske Alpen binne ûnderdiel fan in grutte rige bergen, dêr't ek de Alpen en de Karpaten ûnderdiel fan binne. De heechste berch is de Dinara, mei 1913 meter. Nettsjinsteande dat de bergen oan de Adriatyske See lizze, hawwe se gjin mediterraan klimaat.

De Dinaryske Alpen topografysk besjoen

Fegetaasje bewurkje seksje

Der komt net folle fegetaasje yn de Dinaryske Alpen foar. Dat komt omdat grûn fan karst en kalkstien net fruchtber is. Yn de rjochting fan Sloveenje is de natuer wol wat riker, omdat der in lyts laachje grûn oer de kalkstien leit sadat hjir mear groeie wol.

 
De Orjen berch