De Karpaten (Tsjechysk, Poalsk en Slowaaksk: Karpaty, Oekraynsk: Карпати (Karpaty), Roemeensk: Carpaţi, Dútsk: Karpaten, Servysk: Karpati, Hongaarsk: Kárpátok) is in heechgeberchte yn Midden-Jeropa.

Topografy fan de Karpaten

De Karpaten foarmje in healrûne keatling mei in lingte fan sawat 1500 kilometer en in breedte fan 100 oant 350 km. De sirkel is iepen nei it westen ta en begjint yn it noarden by de Donau op 'e hichte fan Bratislava. Yn it suden einicht de keatling by de Izeren Poarte op de grins tusken Servje en Roemeenje. Yn it sintrum fan de sirkel leit de Pannoanyske flakte.

It gebergte strekt him gruttendiels út oer Tsjechje, Slowakije, Poalen, de Oekraïne en Roemeenje. Utrinners binne te finen yn Eastenryk, Hongarije en Servje. It langste stik leit yn Roemeenje en it heechste part wurdt foarme troch de Hege Tatra, mei de Gerlachovský štít (2655 m), yn Slowakije.

De Karpaten kinne mei de klok mei ûnderferdield wurde yn de folgjende geberchten:

De Westlike Karpaten foarmje de wetterskieding tusken de Eastsee en de Swarte See. De ôfwettering komt foar rekken fan in tal sydrivieren fan de Donau, (Tisza, Proet, Mures, Olt, Siret, e.o.), en fan de Weichsel en de Dnjestr mei harren sydrivieren.

De Karpaten binne nearne troch iuwige snie of gletsjers bedutsen. Sy binne trochstrings ryk oan bosk en foar in grut part tinbefolke.