De Izeren Poarte (Roemeensk: Porţile de Fier; Servysk: Гвоздена врата, Gvozdena vrata; Bulgaarsk: Железни врата, Železni Vrata; Hongaarsk: Vaskapu; Turksk: Demirkapi; Dútsk: Eisernes Tor) is in kleaudelling fan de Donau, dy't yn romme sin in trajekt fan 134 km lingte beslacht, oars besjoen allinnich de lêste barriêre yn dat trajekt, dy't krekt foarby de Roemeenske stêd Orşova leit en dêr't no in keardaam leit.

De Izeren Poarte

De Donau is hjir de grins tusken Roemeenje yn it noarden en Servje yn it suden. De rivier skiedet op dit plak de súdlike Karpaten fan de noardwestlike útrinners fan it Balkanberchtme. Yn it Roemeensk wurdt de oantsjutting Porţile de Fier brûkt,[1] letterlik "Izeren Poarten", dêr't dan ek de hiele rige kleauwen mei oansjutten wurdt. In oare Roemeenske namme foar it lêste trajekt is Clisura Dunării, Donaukleau. Yn Servje hjit it kleaudal Djerdap, efterelkoar Djerdapska klisura.

 
Kaart fan de Donau mei de Izeren Poarte tusken Servje en Roemeenje
 
De Kazan-kleau fan de rjochterouwer ôf sjoen

De earste fersmelling fan de Donau leit foarby it (Roemeenske) eilân Moldova Veche en hjit de Golubac-kleau. Dy is 14,5 kilometer lang en op it nauste punt 230 meter breed. Oan it begjin stiet by Golubac op de Servyske ouwer in midsiuwske boarch. Troch de Ljupovskadelling wurdt de twadde kleau, Gospodin Vir, berikt, dy't 220 meter smel is en 15 kilometer lang. De rotsen binne oant 500 meter heech en binne hjir fan it lân ôf it minst tagonklik. It bredere Donji Milanovac foarmet de ferbining mei de 'Grutte' en de 'Lytse Kazan-kleau', dy't tegearre 19 kilometer lang binne. De Orşova-delling is it lêste bredere trajekt foardat de rivier by de lêste kleau, de Sip-kleau, de leechflakte fan Walachije berikt.
De Grutte Kazan (Kazan betsjut 'tsjettel') is de ferneamste en de nauste kleau fan it trajekt: de rivier fersmellet hjir nei 150 meter en berikt dêr in djipte oant 53 meter.[2] Op dat plak lei de legindaryske brêge fan Trajanus op stiennen pylders dy't de Romeinske keizer Trajanus bouwe liet troch Apollodoarus.[3] De brêge waard boud tusken 103 en 105, foarôfgeand oan Trajanus syn ferovering fan Daasje. Op de rjochterouwer herinnert in Romeinske plakette (Tabula Traiana) oan him.[4] Oan de Roemeenske kant is by de Lytse Kazan it antlit fan Trajanus syn Dasyske tsjinstanner Desebalus yn in rots úthoud.
Yn de minder spektakulêre kleau Gospodin Vir binne folle âldere skatten bleatlein: hjir waard yn de jierren '60 op de rjochterouwer it archeologyske fynplak Lepenski Vir ûntdekt, de wichtichste yn Súdeast-Europa. Benammen de sânstiennen bylden út it iere neolitikum sprekke ta de ferbylding. Ek op oare plakken yn de Izeren Poarte lizze archeologyske fynplakken, dy't oantoane dat dit gebiet al tige lang bewenne wurdt.

It kleaudal wie om de rotsbanken en de dêrmei gearhingjende streamfersnellings in berofte trochgong foar de skipfeart. Yn it Dútsk stiet it trajekt noch altiten bekend as de Kataraktenstrecke, al binne de katarakten no ferline tiid. Op de hichte fan de eigentlike Izeren Poarte wie de rots Prigrada oant 1896 de wichtichste hindernis: de rivier ferbrede him hjir sterk en de wetterstân wie dêr er navenant leech. Streamopwerts wie de rots Greben by de Kazan-kleau berucht.
Yn 1831 wie op inisjatyf fan de Hongaarske steatsman István Széchenyi al in plan makke foar it befarber meitsjen fan de trochgong. Uteinlik slagge it Gábor Baross, Hongarijes "Izeren Minister" om de finansiering foar dit projekt rûn te krijen.[5] Foarby Orşova blies men fan 1890 ôf oer in ôfstân fan mear as twa kilometer rotsen op om in 80 meter brede en trije meter djippe fargeul ta stân te bringen. De Greben waard oer in breedte fan rom twa kilometer ferwidere. Hjir wie de djipte fan twa meter genôch.[6] Op 17 septimber 1896 waard it sa ûntstiene Kanaal fan Sip (neamd nei it Servyske plakje op de rjochterouwer) iepene troch de Eastenryksk-Hongaarske keizer Frans Jozef I, de Roemeenske kening Carol I en de Servyske kening Aleksander.
De resultaten fan de ynspannings foelen wat ôf. It kanaal hie sa'n sterke streaming, dat de skippen streamopwerts noch oant 1973 troch in lokomotyf lutsen wurde moasten. De Izeren Poarte bleau sa in grutte hindernis.

De keardamen

bewurkje seksje
 
Keardaam 1
 
Keardaam 2

De bou fan it mienskiplike Roemeensk-Joegoslavyske megaprojekt yn de foarm fan in keardaam dy't de rivier definityf betwinge soe begûn yn 1964. Yn 1972 waard de Djerdap-keardaam tagelyk mei twa wetterkrêftsintrales en twa slûzen iepene.[7]
De bou fan dizze daam late derta dat it dal fan de Donau fan Belgrado ôf it karakter fan in kearmar krige, en soarge der boppedat foar dat it wetterpeil yn de rivier yn de buert fan de daam sa'n 35 meter heger waard. It âlde Orşova, it Donaueilân Ada Kaleh en noch seker fiif doarpen mei yn totaal mear as 17.000 ynwenners moasten wike. De minsken waarden op oare plakken hûsfêste, mar de delsettings binne foargoed yn de Donau ferdwûn.
De bou fan de daam hie ek grutte gefolgen foar de natoer, bygelyks trochdat de trekrûte fan inkele steursoarten der definityf troch ferbrutsen waard.

De floara, de fauna en de geomorfologyske, archeologyske en kultuerhistoaryske objekten fan de Izeren Poarte wurde yn beide lannen sûnt de oanlis fan de daam wol beskerme: yn Servje yn it Nasjonaal Park Djerdap (sûnt 1974, 63.608 ha) en yn Roemeenje yn it Natoerpark Portile de Fier (sûnt 2000, 115.655 ha).

Nei de konstruksje fan dizze keardaam waard streamôfwerts noch in twadde keardaam oanlein, ek mei twa slûzen en 2 wetterkrêftsintrales (ien per ouwersteat). Dizze keardaam leit tichtby de Servyske stêd Negotin en de Roemeenske stêd Gruia, tichtby de grins mei Bulgarije. Dizze keardaam wurdt Djerdap 2 of Iron Gate 2 neamd.

It eilân Ada Kaleh is nei alle gedachten it meast ta de ferbylding sprekkende slachtoffer fan de bou fan de Djerdap-daam. It wie in Turkske enklave, hie in moskee en kronkeljende strjitsjes, en gou as frijhaven en smokkelnêst. Neist Turken wennen der noch in soad oare befolkingsgroepen.

It eilân lei mear as trije kilometer streamôfwerts fan Orşova en hie in ôfmjitting fan 1700 by 400-500 meter. It wie ommuorre: de Eastenrikers hienen der yn 1669 in fêsting boud tsjin de Turken, dy't sûnttiids in twistappel tusken beide riken bleauwe soe. Yn 1699 waard it eilân Turksk, fan 1716-1718 Eastenryksk, yn 1738 nei in belis fan fjouwer moannen wer Turks, wêrnei't de Eastenrikers it yn 1789 fannijs feroveren, mar it yn it neikommende fredesferdrach oan de Turken litte moasten. It eilân ferlear dêrtroch syn militêre betsjutting. De Frede fan Berlyn fan 1878 krong it Turkske ryk fier werom nei it suden: it eilân kaam ûnder bestjoer fan Eastenryk-Hongarije, mar bleau besit fan de Turkske sultan. De bewenners hiene belesting- en tolfrijheid en hoegden net yn tsjinst. Yn 1923, doe't de Donaumonargy ferdwûn wie, keazen de bewenners foar oansluting by Roemeenje.

De moskee fan Ada Kaleh datearre fan 1903 en wie boud op it plak dêr't earder in fransiskaner kleaster stie. It tapyt, in skinking fan de Turkske sultan, leit sûnt 1965 yn de moskee fan Konstanţa.

De measte bewenners fan Ada Kaleh emigrearren nei de evakuaasje fan it eilân nei Turkije. In lytser diel gie nei de Dobroedzja, in oar Roemeensk gebiet mei in Turkske minderheid.

 
De Izeren Poarte stroomopwerts

Rivierwetter rint altyd fan heech nei leech. Hoe kin it dan de Donau him in inge wei baant troch in berchtme? De ferklearring foar dat feit kin allinnich lizze yn it feit dat de Donau folle âlder is as de Karpaten en Transsylvanyske Alpen. De rivier streamde der al foardat dizze bergen har begûnen te ûntwikkeljen. It oprizen fan de bergen gie relatyf stadich en de rivier koe syn bêd djipper en djipper útslypje, sadat de Izeren Poart ûntstie.[8] Dat wurdt in antesedint Trochbrekdal neamd.

Wat soe der barre as de Izeren Poart ôfsluten wurde soe troch in daam dy't noch folle heger wêze soe as dy fan hjoed de dei, in daam fan bygelyks 400 of 500 meter heech? Dan soe de hiele Hongaarske leechflakte binnen in iuw oerstreamd wurde troch in mar dat op in soad plakken mear as 300 meter djip wêze soe. En op it lêst soe it Donauwetter dan earne yn Kroaasje of Sloveenje in útwei fine nei de Adriatyske See. De Donau soe dan in nije mûning krije.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Parcul Natural Porţile de Fier
  2. (in) Nasa Earth Observatory - The Danube’s Iron Gates
  3. Leonardo Fernández Troyano - Bridge Engineering - A Global Perspective (Thomas Telford Publishing, 2003)
  4. CIL III 8267
  5. Wereld Natuur Fonds - On the Danube through the Iron Gate
  6. Encyclopædia Britannica Eleventh Edition - Danube [1]
  7. Daniel F. McGinnis et al. - Silica retention in the Iron Gate I reservoir on the Danube river: the role of side bays as nutrient sinks (Wiley InterScience, 2006)
  8. (dú) Geographie-diplom.de: Hydrologie, Hydrogeographie: 6. Fluss- und Talnetze