Dirk Postmus (Ljouwert, 6 oktober 1906 - dêre, 5 maaie 1961) wie in Nederlânske kollaborateur, Verwalter fan Joadske ûndernimmingen, lid fan de Nationaal-Socialistische Beweging, Scharführer by it Nationalsozialistisches Kraftfahrkorps en wie yn 1945 waarnimmend boargemaster fan Ermelo en Nunspeet.

Postmus waard berne yn Ljouwert yn in húshâlding mei seis bern dêr't twa fan jong ferstoaren. Syn heit wie winkelman en hie in winkel mei wenhûs yn de Vegelinstrjitte. Nei it ferstjerren fan syn heit op 27 oktober 1913 ferhuze Postmus tegearre mei syn âldere broer Sipke Postmus nei it Old Burger Weeshuis oan it Saailân yn Ljouwert. De winkel mei it wenhûs waard yn 1914 ferkocht. Yn maart 1920 troude syn mem en kaam it gesin wer byinoar. Yn 1928 ferhuze Postmus nei Emmer-Compascuum.

Op 2 juny 1931 troude Postmus mei Johanna Visser yn Ljouwert. Op dat stuit wie er direkteur fan in turfstruiselfabryk en wenne er yn Edewechterdamm, Dútslân. Yn maaie 1940 ferkocht Postmus syn bedriuw en kaam er werom yn Nederlân.

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Postmus wie yn de oarloch Verwalter (behearder) fan ûnder oare de Firma A.M. Kuijt yn Snits. Dy firma, ûnteigene fan de Joadske eigener Abraham Kuijt, wie in gruthannel yn porslein, glês en diggelguod.

Yn 'e oarloch hat Postmus foar hast 120.000 gûne oan ûnteigene wenhuzen, gebouwen en replik guod kocht. Dy pannen kocht er fia it A.N.B.O. kantoar yn Grins dat laat waard troch Koeno Hamminga. Op 23 augustus 1943 kocht Postmus acht pânen tagelyk. It hûs dêr't Postmus wenne oan de Spanjaardsleane 89 yn Ljouwert, tahearrend oan Benjamin Cohen, kocht Postmus op 26 maart 1943 foar 7.500 gûne. Goffe Miedema (1911-2000), eigener fan in meubelwinkel yn Ljouwert, skreau op 3 april 1943 oer de ferhuzing fan Postmus: Een jaar geleden hebben we meubelen geleverd aan Postmus in de Spoorstraat die daar een klein huis bewoonde. Het is een N.S.B.'er die nu naar een groot jodenhuis op de Spanjaardslaan verhuisd is.

Njonken NSB'er wie Postmus ek Scharführer fan de Transportaksje A, ûnderdiel fan it Nationalsozialistisches Kraftfahrkorps (NSKK). Yn de nacht fan 13 op 14 july 1944 wie Postmus nau belutsen by de Snitser Bloednacht wêryn't fjouwer ynwenners fan Snits likwidearre waarden as ferjilding foar de moard op in lid fan de NSKK. Yn 'e rjochtsitting nei de oarloch joech Postmus ta dat er yn'e bloednacht in hússiking dien hie.

Fan 27 jannewaris 1945 oant 24 april 1945 wie Postmus waarnimmend boargemaster fan Ermelo as opfolger fan Marinus Gerhard de Kruijff. De Kruijff wie earder boargemaster fan Frjentsjer. Nei de oarloch waard Postmus opfolge troch boargemaster Hendrik Michiel Martens fan foar de oarloch.

Feroardieling

bewurkje seksje

Postmus waard yn 1950 troch de kassaasjeried feroardiele ta 11 jier rykswurkynrjochting mei ôftrek fan it foararrest. De oarspronklike eask wie 13 jier. Dêrneist waard him syn passyf en aktyf kiesrjocht foar it libben ûntnommen. De advokaat-fiskaal fan it Bysûnder Gerjochtshof neamde Postmus in typysk foarbyld fan in profiteur. Master Menalda, de advokaat fan Postmus, sei dat er weliswaar een fel nationaal-socialist was geweest, maar geen verrader. Neffens Menalda wie Postmus reedlik yn syn optreden, wêrtroch't in soad ellinde tefoaren kommen is.

De frou fan Postmus, Johanna Visser, waard yn 1947 feroardiele ta ynternearring gelyk oan de detinsje foar har lidmaatskip fan de NSVO en NSB.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: