Divejevo (Russysk: Диве́ево) is in selo (село, it Slavyske wurd foar doarp) en it haadplak fan de gemeente Divejevski yn de oblast Nizjni Novgorod yn de Russyske Federaasje. It ynwennertal fan it plak is likernôch 6.500 (2010).

De tsjerke fan Divejevo

Ien fan Ruslân's grutste en drokste kleasters, it Serafim-Divejevo-kleaster, stiet yn Divejevo. It kleaster is in wichtich pylgerplak fanwegen de konneksje mei Serafim fan Sarov.