Djipûntwettering

Djipûntwettering is it ferleegjen fan de sleatwetterstân ta in konstant winter- en simmerpeil - fan ± 100 sm. ûnder it meanfjild.

De Kutuertechnyske Tsjinst lei yn 1967 in proefgebiet oan yn de ruilferkaveling Aldlemmer, letter folge troch it proefgebiet yn De Hommerts-Toppenhuzen, tichtby Boarnsweach. De resultaten wienen ferrassend en ein 1974 wie foar in oantal gebieten mei in totaaloerflak fan ± 10000 ha. djipûntwettering tapast of bestienen der plannen. Utsein yn de ruilferkavelingen (Aldlemmer, Midden-Tsjonger, De Feanpolders, Eagmaryp, Boarnburgum, De Hommerts-Toppenhuzen) seagen ek op oare plakken partikulieren (Swettegebiet) hjir foardielen yn: ûnder mear ferbettering fan de draachkracht fan it greidlân (benammen fan belang yn feangebieten en klaai-op-feangebieten) en homogener begroeiïng. Natoerbeskermingsorganisaasjes stelden har kritysker op: in ferskraling yn it floaraferskaat en desimearring fan de fûgelstân binne de gefolgen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: