Doarpsrjochter
In doarpsrjochter wie yn funksje en namme de opfolger fan de eardere atta. Yn de tiid fan de Republyk wie er yn de doarpen fan de gritenij net allinne de pleatslike fertsjintwurdiger fan it gritenijbestjoer, mar fral ek tsjinstber by it rjochtsprekken. Ek die er de oproppings foar de wetterskippen.
Sûnt de Saksyske Ordonnânsje waard de doarpsrjochter troch de grytman beneamd (sûnt 1603 út trije foardroegen persoanen), dêrfoar waard er keazen. Oant yn de 19e iuw wiene hjir en dêr yn Fryslân noch doarpsrjochters.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Dorpsrechter. |