It doarpswapen is in wapen fan in doarp. It is dêrmei ien fan de symboalen dy't it doarp ferstjintwurdigje.

Doarpswapens hawwe der foar 1795 al west yn Fryslân. Dy rekken lykwols yn ûnbrûk en ferjitten, faaks om't der nei de Frânske Tiid by de registraasje fan bewâldswapens net nei frege waard. Op ferskate wizen binne dochs in tal doarpswapens dokumintearre: Op gevelstiennen, úthingboerden, wynfanen, skilderijen, jûnsmielsulver yn tsjerken, yn wapenboeken en sels yn wapenrymkes. Troch A.S. Miedema en Klaas Sierksma binne in 40-tal beskreaun yn It Heitelân, de Ljouwerter Krante, de Friese Koerier en de Gynealogyske Jierboekjes.

Nei 1960 is de belangstelling foar doarpswapens groeid, ûnder mear troch de rekreaasje. Der binne ek in soad nije wapens ûntwurpen. Sa krigen 23 doarpen yn Wûnseradiel in nij doarpswapen en doarpsflagge, en waarden twa âlde wapens feromfûn yn Burchwert en Parregea. Ek alle doarpen yn Kollumerlân krigen yn 1970 in nij wapen, wylst oan it âlde wapen fan Kollum in swurd en twa stjerren tafoege waarden. Sûnt hat de Fryske Rie foar Heraldyk noch ferskate oare doearpswapens makke.

Flekkewapens

bewurkje seksje
 
Wapen fan De Gordyk

De wapens fan de flekken ûnderskiede harren fan de doarpswapens, om't hja in kroan fiere. De wapens fan It Hearrenfean en De Lemmer binne noch yn behanling en binne noch net offisjeel registrearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: