Dobbe Stienzer Aldlân

De Dobbe Stienzer Aldlân is in natoergebietsje yn de gemeenten Ljouwerteradiel, beëasten Stiens en besuden fan de Trijehoeksdyk nei de buorskip It Tichelwurk. Lokaal is de dobbe ek bekend as De Poel of It Boskje. It gebiet is yn behear by It Fryske Gea en is allinnich op oanfraach tagonklik.

Sicht op de westside fan de dobbe, fan de Trijehoeksdyk ôf

It marke is ûntstien troch te djippe ôfgraving fan in eardere terp. Yn it ferline waard der in soad ôffal dumpt. Neidat It Fryske Gea it gebiet troch skinking krigen hie, is it mei help fan frijwilligers opknapt. Benammen de pleatslike Fûgelwacht makket der gebrûk fan. It terrein is hast hielendal begroeid mei reid, omseame troch beammen, strewel en sleatten.

It is allinnich tagonklik oan de eastkant oer in (net publyk) paad. It gebiet wurdt brûkt as rêstgebiet foar bisten yn it dfierders iepen lânskip.

Keppeling om utens

bewurkje seksje