Doede Hânses wie fan 1528 - 1529 grytman fan Skoatterlân.

Hy waard troch Fan Sminia yn 1528 as grytman neamd, hat grif nei Ids Tsjebbis koarte tiid provisjoneel de gritenij bestjoerd. As de namme by Fan Sminia in skriuwflater is foar: Heere, dan kin hy deselde persoan wets hawwe as Heere Hans Hanckema, dy't as substitút fan Himmelumer Aldefurd neamd is.