Doezumer Aldjiersploech

Doezumer Oudejaars Ploeg, ôfkoarte as DOP is in Aldjiersploech dy't alle jierren in stunt úthellet yn Doezum en omkriten. Op Nijjiersnacht is der meast in grut fjoerwurk. Se sykje wat aktueels om dêr op ludike wize wat mei te dwaan. Faak is it doarp der by de aksjes belutsen

  • 2022-2023: 7 betonnen koppen ferhurde fan it gemeentehôf Noardhorn
  • 2021-2022: in ja-man stellen
  • 2020-2021: steat boskbou ôfdieling keet stellen
  • 2019-2020: Roer fan Drachtster skûtsje komt yn Doezum foar.
  • 2018-2019: Doezum ûntlêst De Peen.
  • 2017-2018: Meie wy nea ferjitte!
  • 2016-2017: DOrPshuus
  • 2015-2016: It Doezumer Untwikkelingsplan
  • 2014-2015: Social Media & Privacy
  • 2013-2014: Ierdbeving yn Doezum!
  • 2012-2013: De Wildervanker hynstetram stellen.
  • 2010-2011: gjin stunt fanwege ferstjerren fan twa jongelju troch koalmonokside
  • 2009-2010: feroarjen projektboerd de Blauwe Stêd yn Groene Weide.
  • 2008-2009: oanlis natoeriisbaan omt buordoarp Gruttegast in djoere keunststofiisbaan oanlein hie
  • 2007-2008: brêge ôfsetten omdat der in blauwe auto "trochsakke" wie
  • 2006-2007: logo "GOED 2007" mei DOP-logo op de ramen + nije paadwizerpealtsjes wromsetten
  • 2005-2006: stânbyld dominino-mosk en krystbeam op doarpsplein
  • 2004-2005: Dokters Opleidings Post as nije namme foar it AZGrins
  • 2004: flesse-aksje foar Aazje
  • 2003-2004: nammeboerdsje DOP-wannelpaad
  • 2003: Fersierde weinen
  • 2002-2003: nijbou Doezum-earste fleanende auto

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: