In âldjiersploech, of âldjiersferiening, is in ploech dy't benammen om Ald en Nij hinne aktyf is. Yn de measte gefallen giet it om in ploech, net-troude, manlju. Aldjiersferienings helje om Ald en Nij hinne âldjiersstunts út of dogge oare aktiviteiten foar it eigen doarp. It ferskynsel âldjiersferiening komt it meast foar yn de doarpen fan Súdeast-Fryslân, en oer de grins yn Grinslân en Drinte.