Zorgvlied (Drinte)

Zorgvlied is in doarp yn de gemeente Westerfjild (Westerveld) yn Drinte. It leit falkby de grins mei Fryslân. It doarp krige syn namme troch de - no ferdwûne - filla "Zorgvlied". Yn 2004 hie it 160 ynwenners.

Lizzing yn de gemeente Westerfjild
Doarpsstrjitte 33 o/m 39

Fan 1819 - 1823 kocht de Maatskippij fan Woldiedigens grutte stikken heideoan dy't om Grut en Lyts Wateren leine yn de marke fan Diever en Wateren. Tsjin de Fryske grins waard yn 1823 it Ynstitút foar de Lânbou stifte. Dizze skoalle wie ien fan de earste yn Nederlân. Oant 1859 wie it - de skoalle waard ek wol "kweekskoalle" neamd - it opliedingsynstitút foar de Maatskippy fan Woldiedigens. It gebou is noch goed te werkennen yn it doarpsbyld (rjochts fan de roomske tsjerke) en jout ûnderdak oan fjouwer âlden fan dagen.

Yn 1859 waarden de grûnen en de skoalle ferkocht oan J.F.de Ruyter de Wildt, in fier famyljelid fan de ferneamde admiraal. De Ruyter de Wildt boude û.o. de filla "Castera Vetera", dy't foltôge waard yn 1862.

Yn 1879 waard ien en oar ferkocht oan Lodewijk Guillaume Verwer. Dy neamde de filla "Huize Zorgvlied". Hy helle Brabânske tabaksplanters en Fryske roomske boeren nei syn lângoed. Yn 1880 begûn hy yn in húskapel mei roomsk-katolike earetsjinsten. Yn 1893 waard de parochy Wateren-Zorgvlied in feit. Pastoar fan dy parochy wie fan 1994 oant 2003 Dr. J.H.J. (Hans) van den Hende, dy 't letter biskop waard fan Breda en fan Rotterdam.

Verwer ferstoar yn 1910. Hy liet 250 ha lân nei mei filla's en pleatsen. "Huize Zorgvlied" waard yn 1930 sloopt, mar de namme bleau bestean as namme fan in doarp dat no in toeristysk sintrum is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: