Frijsteat Folgeren
Frijsteat Folgeren is in Aldjiersploech út De Folgeren: in buorskip fan sa'n 125 huzen dat no ûnder Drachten falt.
Al begjin 19e iuw fielden de Folgersters har net mei Drachten ferbûn. Yn de jierren tweintich fan de 20e iuw waard dêrom in soarte Jongereinferiening oprjochte. Op Aldjiersjûn fan 1962 op 1963 wie de jeugd opstannich oer in opleine fúzje fan de iisbaan op It Noard mei dy fan Súd plus de namme fan de nijbouwyk Boschwijk. Dêrmei soe de namme De Folgeren ferdwine en de Folgersters fielden harren gjin 'bosknegers'. It makke dat in groep jongelju de Frijsteat Folgeren útrôp op 1 jannewaris 1964. De statuten fan de Frijsteat en it logo fan twa rêchlings tekene letters F fan 'Folgeren Foarút" (mar ek fan Frijsteat Folgeren). Oan de beammen waarden Folgeren Frijsteatflaggen hongen. It súkses waard reden om it tenei in ferfolch te jaan, meast by kafee Vreewijk. Der kaam ek in Folgerster folksliet. Yn 2011 mislearre foar it earst yn 48 jier in stunt. Doe't der wurke waard om it provinsjewapen fan it provinsjehûs te heljen waarden de Folgersters trappearre troch de plysje.
Stunts (kar-út)
bewurkje seksje- 2020-2021 - Gjin stunt fanwegen de koroanakrisis
- 2017-2018 - Sabeare keatlingbotsing, om te wizen op de gefaren fan it app'en ûnder it autoriden.
- 2016-2017 - Mei twa seis meter hege molkbussen, in keunstobjekt út Wouw (Noard-Brabân), waard omtinken frege foar de krisis yn de molkfeehâlderij
- 2011-2012 - provinsjewapen fuorthelje mislearre
- 2010-2011 - Superbus fan Wubbo Ockels
- 2009-2010 - Kombuorden Drachtsterfean en Smallingerveen tsjin gemeentlike weryndieling
- 2007 - "It byld fan in swimmende walfisk" fan Anne Woudwijk wurdt by de pier fan Holwert wei ûntfierd nei De Folgeren.
- 1988-1989 - Starfighter
- 1986-1987 - betinking ein fan de trambaan
- 1985-1986 - ferpleatsen Drachtster Kei
- 1980-1981 - kafee Vreewijk wurdt útroppen ta keninklik ûnderkommen
- 1976-1977 - boartoer Folgerster Ierdoalje Maatskippij
- 1974-1975 - oprjochting Folgerster Nasjonale Partij tsjin de lokale polityk
- 1973-1974 - sammeljen weinen en fytsen by de oaljekrisis
- 1972-1973 - 120 brievebussen út de doarpen as krityk op de PTT
- 1964 - 1965 - Drachten wurdt ta ûnderûntwikkele gebiet ferklearre (ferkearsljochten, rioelwetter)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|