Dokter Deen is in dramarige fan Omrop Max. De rige spilet him ôf op it waadeilân Flylân en wurdt útstjoerd fan ein jannewaris 2012 ôf.

De rige is betocht troch haadrolspylster Monique van de Ven en har man senarioskriuwer Edwin de Vries. Monique van der Ven en Edwin de Vries kamen faak op Flylân dêr't se in fakânsjehúske hienen, en rekken dêr yn de kunde mei hûsdokter John Deen. Edwin de Vries skreau de tsiendielige dramarige tegearre mei Simone Kome van Breugel. De rige is ynspirearre troch de kollumns yn de Flylanner krante "De Vlizier" fan de wyls ferstoarne hûsarts John Deen. John Deen wie oant 2004 Flylanner hûsarts fan de âlde stimpel en in begryp op it Waadeilân. Hy die fan alles, as it moast wie er ek toskedokter, bistedokter of maatskiplik wurker.

Monique van de Ven spilet de hûsarts Maria Deen, dy't neist har wurk as dokter folle mear betsjut foar de ynwenners fan it eilân. Hja hat in praktyk oan hûs, mei in apteek en in lytse operaasjekeamer dêr't hja lytse yngrepen dwaan kin. As allinnichsteande hat se te krijen mei trije opgroeiende bern, in frijer en in mem dy't yn de bernskens is.

Maria Deen is de rots in de brâning dêr't de eilânbewenners en besikers foar rie en die hinne geane. Maria komt faak foar slimme beslissings te stean. Foar needgefallen is oan de wâl wol in helikopter, mar dy is net altyd op 'e tiid of kin hielendal net komme. Maria moat dan ek geregeldwei alles dwaan wat yn har macht leit om libbens te rêden.

Rolferdieling

bewurkje seksje
  • Maria Deen - Monique van der Ven
  • har mem - Pleuni Touw
  • Oscar, frijer fan Maria - Leopols Witte
  • Heleen van der Meer, rivale yn de leafde - Liz Snoijink
  • Isa - Markoesa Hamer
  • Robbert - Jelle de Jong
  • Gerda Pancras - Rian Gerritsen
  • Wendy - Lisa Smit
  • Fedde - Benja Bruijning
  • Paul - David Lucieer
  • figuranten - in soad ynwenners fan Flylân

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: