Pleuntje (Pleuni) Touw (Bergen op Zoom, 8 novimber 1938) is in Nederlânske aktrise.

Pleuni Touw
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 8 novimber 1938
berteplak Bergen op Zoom
jierren aktyf 1962-no
offisjele webside
(in) IMDb-profyl
Pleuni Touw yn Even in bad
Pleuni Touw mei Willem Nijholt yn De stille kracht (1974)

Wurkpaad bewurkje seksje

Pleuni Touw kaam yn 1962 fan de Arnhimske toanielskoalle en makke yn it neijier fan dat jier har debút yn it teäter by it Nieuw Rotterdams Toneel yn De keuken fan Arnold Wesker. Se wie oant 1973 aktyf by ferskate toanielselskippen en makke dêrnei de oerstap nei de frije sektor. Yn 1975 troude se mei akteur Hugo Metsers, mei wa 't se in eigen toanielproduksjebedriuw begûn, BV Polona. Mei Metsers spile se dêrnei yn de ferskate stikken dy't Polona produsearre, lykas Rose en Schijn bedriegt.

Yn har hiele karriêre wie Touw te sjen yn tal fan films, telefyzjesearjes en teäterproduksjes. Yn 1982 makke se har debút as sjongster mei it album Al mijn geheimen. Yn 2009 wûn se in Gouden Kalf foar bêste froulike byrol yn de film Bride Flight.

Pleuni Touw wie de earste Nederlânske aktrise dy't neaken op de telefyzje ferskynde. Dat barde yn 1974 yn de searje De stille kracht, in drama basearre op de roman mei deselde namme fan Louis Couperus; har tsjinspiler wie Willem Nijholt. Keunstneres Phil Bloom wie har yn 1967 as earste bleate frou op de Nederlânske telefyzje foargien. Dat wie yn it programma Hoepla fan de VPRO. De neakensêne bleau dêrnei kontroversjeel en hoewol't Touw populêre erkenning krige, waard se oerslein foar lettere rollen.

Yn 2012 spile se de haadrol yn it medyske drama Dokter Deen, wêryn't se de geastlik labile mem fan it personaazje fan Monique van de Ven spile. Letter dat jier aktearre se yn de Nederlânske bewurking fan de Amerikaanske sitcom The Golden Girls út 1985.

Telefyzje bewurkje seksje

  • Zingend in de wildernis – Belle (1963)
  • Maigret (ôfl. 'Maigret en de kabeljauwvissers', 1968)
  • Villa des Roses (1968)
  • De glazen stad – Bea Stein (1968)
  • Neutraal terrein – Carol (1971)
  • Uilenspiegel – Kalleke (1971)
  • Een avond bij Eva – Eva (1972)
  • De stille kracht – Leonie (1974)
  • De verlossing – Madame Janssens (1975)
  • Uit de wereld van Guy de Maupassant – Madame (ôfl. t Seintje/Gered' (1977)
  • Hij en zij – Helen Bleeker (1978)
  • Liefde half om half – Theresa Phillips (1979)
  • De Fabriek – Mary Rustenburg (1981)
  • Te laat geboren – Elanor Gilbert (1985)
  • In de Vlaamsche pot – Muoike Nellie (ôfl. 'Een schat van een mens', 1990)
  • Suite 215 – Toontje (ôfl. 'Van de hoed en de rand' (1992)
  • Diamant – Hester van Tellingen (1993-1994)
  • Toen was geluk heel gewoon – Agnes (ôfl. 'Daar komt de bruid', 1995)
  • Morgen ga ik zelf – Tilly (2001)
  • Gemeentebelangen – Nina (2002)
  • Wet en Waan – Lottie (ôfl. 'Opera', 2003)
  • Gooische Vrouwen – Mem fan Claire (ôfl. 'Verleiding', 2009)
  • Dokter Deen – Femke Deen, mem fan Maria Deen (2012-2018)
  • Golden Girls – Toos (2012)

Film bewurkje seksje

  • Rufus (1975) – Nicole
  • Zwaarmoedige verhalen voor bij de centrale verwarming (1975) – Juffer Lenie
  • Het debuut (1977) – Rita[1]
  • Mijn vriend (1979) – Helene Te Winckel
  • Lieve jongens (1980) – Corinne
  • Het verboden bacchanaal (1981) – Betsy van Heesteren
  • De zwarte ruiter (1983) – Milou
  • De tussentijd (1993) – Leonore
  • Filmpje! (1995) – Frou Lozig
  • De Vriendschap (2001) – Zwaantje
  • De dominee (2004) – Muoike Jet
  • Bride Flight (2008) – de âlde Ada
  • Stuk! (2014) – Beppe

Toaniel bewurkje seksje

  • 1962 - De keuken - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel
  • 1962 - De nacht van de leguaan - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel
  • 1963 - Damesorkest - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel
  • 1963 - De revisor - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel
  • 1963 - Kimbelijn - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel
  • 1964 - Kiss Me Kate - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel
  • 1964 - De plaatsbekleder - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel
  • 1964 - La mamma - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel
  • 1964 - Roddels en fijne vijgen - Stichting Nieuw Rotterdams Toneel
  • 1965 - Oorlog is zo'n aardig spel - Ensemble
  • 1965 - Hooikoorts - Ensemble
  • 1966 - Het uur der verrukking - Ensemble
  • 1966 - De koopman van Venetië - Ensemble
  • 1967 – Dallas, 22 november 1963 - Ensemble
  • 1967 - Je kunt 't toch niet meenemen – Ensemble
  • 1967 - Ondine - Ensemble
  • 1967 - Pygmalion - Ensemble
  • 1967 - Elckerlyc - Stichting Delfesta
  • 1968 - Kleren maken de man - Zuidelijk Toneel Globe
  • 1969 - Ceremonie voor een vermoorde neger - Zuidelijk Toneel Globe
  • 1969 - Het spel der vergissingen - Zuidelijk Toneel Globe
  • 1970 - De Spaanse hoer - Zuidelijk Toneel Globe
  • 1970 - Kortsluiting - Zuidelijk Toneel Globe
  • 1971 - De filantroop - Zuidelijk Toneel Globe
  • 1971 - De hertogin van Malfi - Zuidelijk Toneel Globe
  • 1972 - De Italiaanse strohoed - Zuidelijk Toneel Globe
  • 1972 - Ziekenzorg of Zuster Norton verliefd - Zuidelijk Toneel Globe
  • 1973 - Steel wat minder – 7e gebod - Toneelraad Rotterdam
  • 1974 - Ik lach erom - Stichting Toneelgroep Podium
  • 1974 - Suiker - Zuidelijk Toneel Globe
  • 1975 - Privé voor twee - Joop van den Ende Theaterproducties BV
  • 1976 - De mandarijnenkamer - Joop van den Ende Theaterproducties BV
  • 1976 - Liefde half om half - Joop van den Ende Theaterproducties BV
  • 1977 - De stoeipoes - Joop van den Ende Theaterproducties BV
  • 1978 - Lipstick - Joop van den Ende Theaterproducties BV
  • 1979 - Gekke mensen? - Joop van den Ende Toneelprodukties bv
  • 1980 - Wie is wie? - Joop van den Ende Toneelprodukties bv
  • 1981 - Tartuffe - RO Theater
  • 1981 - Rosa - Polona Produkties BV
  • 1982 - Spotgeesten - Polona Produkties BV
  • 1983 - Schijn bedriegt - Polona Produkties BV
  • 1984 - Bezoek van een oude dame - Nieuwe Komedie
  • 1984 - Te laat geboren - Polona Produkties BV
  • 1985 - Top Girls - Polona Produkties BV
  • 1986 - Het kan vreemd gaan - Polona Produkties BV
  • 1987 - Hedda Gabler - Polona Produkties BV
  • 1988 - Een vrouw alleen - Polona Produkties BV
  • 1988 - Open huwelijk - Polona Produkties BV
  • 1988 - Twee op de wip - Impresariaat John de Crane
  • 1989 - De kersentuin - RVT v.z.w.
  • 1990 - Wie is bang voor Virginia Woolf? - Impresariaat John de Crane
  • 1991 - Revue revue! - Domizia Theaterproducties BV
  • 1991 - Grote drama's - Schouwburg Arnhem
  • 1991 - Straat - RO Theater
  • 1993 - Ex - Phosphor Producties B.V.
  • 1994 - Little Voice - Bergen Theatre
  • 1995 - Het hart van Herman - Festival van het Ongespeelde Stuk
  • 1995 - Torch Song Trilogy - Joop van den Ende Theaterproducties BV
  • 1996 - De poel - Festival van het Ongespeelde Stuk
  • 1997 - Elektra - RO Theater
  • 1997 - Het belang van Ernst - Noord Nederlands Toneel
  • 1997 - Onder het melkwoud - RO Theater
  • 1998 - Pterodactyls - Noord Nederlands Toneel
  • 1999 - De manke - Noord Nederlands Toneel
  • 1999 - De meeuw - Noord Nederlands Toneel
  • 2001 - Het huis van Bernarda Alba - Het Nationale Toneel
  • 2002 - Lied in de schemering - Joop van den Ende Theaterproducties BV
  • 2002 - Momenten van geluk - Joop van den Ende Theaterproducties BV
  • 2005 - Het kan weer vreemd gaan - Egmond Theater BV