Dom fan Osnabrück
De Dom fan Osnabrück (Dútsk: Dom St. Peter of Dom St. Petrus) is de roomsk-katolike katedraal fan it bisdom Osnabrück.
Domtsjerke Sint Petrus | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Nedersaksen | |
plak | Osnabrück | |
adres | Domplatz | |
koördinaten | 52°16' N 8°2' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Bisdom Osnabrück | |
patroanhillige | Petrus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 785 (oarspr. bou) 11e iuw (foltôging) 13e iuw (ferbouwing) 1946: rekonstruksje toer | |
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
Webside | ||
dom-osnabrueck.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeFyftjin jier nei de oprjochting fan it bisdom troch Karel de Grutte ûntstie yn it jier 785 de earste tsjerke. Hûndert jier letter waard dizze tsjerke ferwoastge troch ynfallende Wytsings. It hjoeddeiske oansjen fan 'e katedraal ûntstie stadichoan nei in brân om 1100 hinne.
De âldste boudielen binne de romaanske fieringstoer, it noardlike muorrewurk en de westlike romaansk-goatyske gevel. It beneamen wurdich is it dat it koepelferwulft fan 'e trijeskippige tsjerke like heech is as de pylders dy't it drage.
It doopfont út 1220 en it triomfkrús út 1230 binne de âldste keunstwurken yn 'e tsjerke. Fan it yn 1664 ôfbrutsen doksaal bleaune tolve bylden fan 'e út Münster ôfkomstige byldhouwer Heinrich Brabender bewarre. It binne bylden fan Kristus, apostels en in lytser byld fan 'e opdrachtjouwer hartoch Erik II fan Saksen-Lauenburg, biskop fan Münster. De bylden binne te sjen yn it biskoplik museum (Diözesanmuseum). Yn 'e rin fan 'e iuwen feroare de domtsjerke fan binnen regelmjittich, benammen yn 'e barokke tiid. Alters, bylden en epitaven tsjûgje fan dy feroarings, lykas ek ferbouwings oan 'e bûtenkant by de grutte restauraasje yn 'e jierren 1882-1910 ûnder Alexander Behnes.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard Osnabrück fan 1942 ôf hieltiten wer troffen troch bombardeminten. Op Palmpeaske 25 maart 1945, sân wiken foar de kapitulaasje en krapoan twa wiken foar't de Britten de stêd besetten, waard de stêd nochris foar in lêste kear bombardearre. De gebouwen dy't noch yn 'e âlde binnenstêd stiene waarden no hast hielendal ferwoastge. Ek de domtsjerke rekke yn 'e oarloch slim skansearre. Neitiid waard de tsjerke wer opboud en it Osnabrücker Rad (Rêd fan Osnabrück) dat op 13 septimber 1944 troch kriichsskea fan 'e grutste toer delstoart wie, krige no in plak njonken de dom. De barokke ôfsluting fan 'e grutte toer en de renêssânse ôfsluting fan 'e lytsere toer waarden net hersteld en ferfongen troch ienfâldige piramidedakken. Ek it ynterieur ûndergyng in feroaring. Sa waard de neoromaanske beskildering fan 'e tsjerke ferwidere.
Oan de tsjerke slút yn it suden de kleastergong oan. Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne de nei de binnenhôf ta tichtmitsele kleastergong as skûlplak by loftoanfallen.
Oargels
bewurkje seksjeDe domtsjerke hat trije oargels. It haadoargel stiet yn it westlike diel fan 'e tsjerke op 'e kreake. Dat oargel hat 53 registers en waard yn 2003 troch de firma Kuhn út it Switserke Männedorf boud. In lyts koeroargel stiet yn it noardlike dwersskip. It koeroargel hat 12 registers en komt fan 'e oargelmakkerij Mutin-Cavaillé-Coll. It waard boud yn 1898. Yn 'e kleastergong stiet in tredde oargel fan 'e firma Kreienbrink. Dat lêste oargel is in oefenynstrumint foar de seminaristen fan it seminaarje.
Klokken
bewurkje seksjeDe seis klokken fan 'e dom waarden allegear yn 1954 troch de stielfabryk Bochumer Verein getten.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Haadalter.
-
Doopfont.
-
It Kuhn-oargel.
-
Krusigingsgroep.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|