Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum
(Trochferwiisd fan Domela Nieuwenhuismuseum)
It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum is sûnt 1925 in museum op It Hearrenfean en ûnderdiel fan it Museum Willem van Haren. It is wijd oan dûmny, frijtinker, anargist, anti-militarist, sosjalist en boppe-alles strider tsjin maatskiplik ûnrjocht, Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919). Domela hie in soad oanhingers yn de súdeasthoeke fan Fryslân en krige de bynamme Us ferlosser. Hy kaam rûnom te sprekken mei ûnderwerpen as algemien kiesrjocht, ôfskaffing fan berne-arbeid en ynfiering fan de achtoerige wurkdei. Domela Nieuwenhuis wie in belêzen man en De studearkeamer yn it museum is ynrjochte mei it orizjinele ynterieur fan syn studearkeamer.