Dominicus van Konijnenburg

Dominicus van Konijnenburg (* 1841 - 28 desimber 1905) kollekteur fan de Steatslotterij, hat in soad dien foar de Fryske Maatskippij fan Lânbou, it Frysk Rundfee Stamboek en it hynstestamboek. Van Konijnenburg wie troud mei Jacoba C.S.M. Nieuwenhuisen.

Dominicus van Konijnenburg ± 1925

Yn 1879 rede hy foar it earst op as ôffurdige fan de earste Ofdieling (Ljouwert-Ljouwerteradiel), dêr't hy foarsitter fan waard en bleau oant syn dea. Hy waard yn 1888 lid fan it haadbestjoer en folge nei it ôftreden fan D. Fontein de Jong, dizze op as foarsitter fan it bestjoer en fan de Maatskippij fan lânbou, wat er oant 1 jannewaris 1904, dus 9 jier bleau. Troch him en troch Mr. E. Jongsma waarden yn maaie 1879 de beide stamboeken oprjochte.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Friesch Weekblad, gewijd aan de belangen van Volkswelvaart (6 jan. 1906);
  • Ljouwerter Krante, 3 jannewaris 1906.