Donatus fan Arezzo

Donatus fan Arezzo (Italjaansk: San Donato d’Arezzo), berne om 300 yn Nikomeedje, it hjoeddeiske İzmit; ferstoarn op 7 augustus 362 yn Arezzo), Itaalje, wie de twadde biskop fan Arezzo en is tsjintwurdich de patroanhillige fan de stêd Arezzo. Donatus wurdt yn de Roomsk-Katolike Tsjerke fereare as hillige martler. Yn it Martyrologium Hieronymianum wurdt Donatus as biskop en belider fan it leauwe omskrean. Yn in iere hilligenbeskriuwing út de tiid fan Gregoarius de Grutte wurdt Donatus as martler yn de tiid fan de kristenferfolging ûnder Julianus Apostata neamd. Yn deselde oerlevering soed er op 7 augustus 362 stoarn wêze, mar oare boarnen neame it jier 304.

Donatus
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 300 (?)
berteplak Nikomeedje
stjerdatum 362
stjerplak Arezzo
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 7 augustus
attributen Boek, tsjelk, swurd, draak
patroan fan Arezzo en oare Italjaanske stêden

Biskop Severin fan Arezzo ynformearret yn syn Passio Donati, dat Donatus al as bern mei syn heit en mem fan Nikomeedje nei Rome reizge. Nei't er syn âlden ferlear ûntferme de kristlike preester Pymenius him oer Donatus. Troch de kristenferfolging yn Rome moast Donatus nei Arezzo flechtsje, dêr't yn de omkriten tegearre mei de muonts Hilarianus it Bliid Boadskip ferkundige. Donatus waard troch de biskop fan Arezzo, de lettere hillige Satyrus fan Arezzo, wijd ta diaken en preester. Tenei bleau Donatus yn de stêd en de omkriten. Yn it jier 346 wijde paus Julius I him ta biskop en waard er as "Apostel fan Toskane" omskreaun. Donatus wie oanwêzich op it Konsylje fan Niséa, dêr't er him as tsjinstanner fan it arianisme jilde liet. Nei de dea fan biskop Satyrus waard Donatus de twadde biskop fan Arezzo.

 
It wûnder fan de tsjelk útfierd troch José de Ribera

Neffens de oerlevering wie it wurk fan Donatus ûnder de heidenen tige súksesfol en liet er ek in grut tal wûnders sjen. Neffens biskop Severinus soe Donatus in frommes mei de namme Eufrosina ta libben wekt ha en ek soed er mei in draak fochten ha. De bline frou Syriana liet er wer sjen en hy dreau by de soan fan de romeinske prefekt fan Arezzo in demoan út.

Mar it ferhaal oer de tsjelk is wol it meast bekende wûnder fan Donatus. By de fiering fan in Hillige Misse wie in groep heidenen de tsjerke ynkrongen, hja fersteurden de tsjinst en sloegen û.o. in tsjelk stikken. Donatus socht de stikjes wer op, lei se by inoar en die in gebed en de tsjelk waard wer hiel. Ien stikje fan de boaiem hie lykwols ûntbrutsen en dochs geat Donatus der wyn yn. Sûnder ek mar in drip te griemen dielde Donatus de wyn mei de parochianen. Nei dat wûnder gyngen tsientallen heidenen op it kristendom oer.

Yn febrewaris 362 kundige keizer Julianus in edikt ôf, dêr't er sabeare de frijheid fan godstsjinst mei garandearje woe. Mar de echte reden wie om de ynfloed fan it kristendom werom te kringen. Wat letter waarden biskop Donatus en de muonts Hilarianus troch de prefekt fan Arezzo finzen nommen. Hilarianus ferstoar op 16 july 362 de martlersdea en Donatus waard op 7 augustus fan itselde jier nei't se him tamtearre hiene yn Arezzo ûnthalze.

Op 7 augustus wurdt Donatus fan Arezzo betocht. Syn attributen binne in boek, in tsjelk, in draak en/of it swurd. Donatus is de patroanhillige fan in soad Italjaanske gemeenten, mar fral ek fan Arezzo. Hy is de beskermhillige fan bakkers en jongeren. Ek is Donatus de beskerper fan minsken dy't lije oan epilepsy, om 't er in bern fan dy sykte genêzen hawwe soe.

 
Grêf fan Sint-Donatus fan Arezzo

De opfolger fan Donatus, biskop Gelasius, boude op it plak fan syn grêf op 'e Pionta-heuvel yn Arezzo in kapel en letter ûntstie dêr de earste katedraal fan Arezzo. De bonken fan Donatus ferhûzen nei de parochytsjerke fan Castiglione Messer Raimondo (yn de provinsje Teramo). De glêzen kiste mei syn bonkerak wurdt dêr alle fiif jier op 7 augustus yn in prosesje troch de strjitten droegen.

 
Relykbuste Santa Maria della Pieve yn Arezzo

Yn it jier 1612 kamen reliken fan de hillige ek yn de parochytsjerke Santa Maria degli Angeli fan Acerno (provinsje Salerno) telâne. Dêr wurdt alle jierren op de feestdei fan de hillige de sulveren relykbuste troch it plak droegen.

In relykbuste fan de hillige Donatus wurdt ek yn de krypte fan de stedsparochytsjerke Santa Maria della Pieve yn Arezzo toant. Tn 1384 oermastere en plondere in Frânsk leger de stêd. Legeroanfierder Oanfierder Engelram VII fan Coucy naam de relikwy fan de holle fan de hillige mei de Apeninen oer, mar de boargemaster fan Forlì wist de relikwy werom te krijen en dêr waard de skedel bewarre oant Arezzo it relyk werom krige.

Yn 1125 waard it bonkerak fan Donatus fan Evoréa (in biskop út Syprus) yn de tsjerke Santa Maria e San Donato op it eilân Murano by Feneesje brocht. reliken krigen in plakje yn it haadalter fan dy tsjerke. Yn it haadalter waarden ek de reliken fan de draak bewarre, dy't Donatus ferslein hie. Dat binne feitlik lykwols walfiskbonken. Tsjintwurdich wurdt yn dy tsjerke Donatus fan Arezzo fereare.

Yn augustus fynt yn Cividale del Friuli en Terno d'Isola in Palio di San Donato plak. Donatus fan Arezzo en Sint-Emidius binne de patroanhilligen fan Guardiagrele. Alle jierren wurdt tusken 6 en 8 augustus in grut feest yn dy stêd fierd. Troch de strjitten fan Guardiagrele wurdt dan it byld fan Donatus yn in prosesje droegen.

De Dútske etnolooch Thomas Hauschild hat fan 1982 oant 2000 de kultus fan de hillige Donatus yn it Súd-Italjaanske Ripacandida yn de provinsje Potenza ûndersocht. Donatus wurdt dêr al sûnt de 12e iuw as helper by it boete dwaan, as helper by krampen feroarsake troch honger, mentale beheinings, epilepsy en dwylsinnigens fereare. Oant hjoeddedei komme op de beafeart dêr fan 5 oant 7 augustus tsientûzenen minsken ôf.

Donatus fan Arezzo wie ek de patroanhillige fan it âlde katolike bisdom Meissen en is njonken Sint-Benno ien fan de patroanhiligen fan it hjoeddeiske bisdom Dresden-Meissen.

Donatus fan Arezzo moat net betiizge wurde oare hilligen mei deselde namme, lykas Donatus fan Münstereifel († 140–180), Donatus fan Evoréa, Donatus fan Besançon (ferstoarn ± 657-660) of Donatus fan Zadar († ± 811).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Donatus von Arezzo