Driuwdong

(Trochferwiisd fan Dongjarre)

Driuwdong of dongjarre is in mingsel fan wetter en jarre, dy't op syn bart in mingsel fan urine en dong fan bisten is.
Eartiids waard rûge dong op in rûchskerne opslein en ôfskaat fan jarre dy't yn in jarrekelder opslein waard. Om wurk te besparjen waard oergien op it opslaan fan dong yn in jarreput. De bisten rinne yn in stâl mei rusters of in tichte flier. By in rusterflier falt de dong troch rusterskreven yn de jarreput en by in tichte flier wurdt de dong mei in, gauris automatyske, dongskower yn de put skood troch in gat oan de ein fan de stâl. Om't buorkerijen fierder modernisearren, dêr't wetter, dat brûkt waard foar it spillen en himmeljen fan bygelyks de molktanklokaal, molkput en molkreauwen, ek yn de jarreput telâne. Dat wetter waard dus mingd mei de jarre.

Dongjarre yn in dongsilo
In jarretank mei in seadebedonger

Troch de strangere regeljouwing yn Nederlân omtrint dong, dêr't it boeren ferbean is yn de wintermoannen dong út te riden, wurdt dongjarre gauris opslein yn in dongsilo. Sûnt 2006 is der nije regeljouwing foar it opslaan fan de dong en it oanbringen fan dongjarre op it lân. Op gerslân moat dongjarre mei ynjekteur oanbrocht wurde. Op boulân moat dongjarre mei in boulânynjekteur útriden wurde. Foarhinne koe it noch sûnder ynjekteur dien wurde, dêr't it daliks ûnderwurke wurde moast.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: