Doniastate (Wânswert)
Doniastate lei ûnder Wânswert oan de Wânswerterdyk tichtby Wânswert oan de Streek en Dokkumer Ie, gemeente Ferwerderadiel. Op it steed steane no twa pleatsen.
Oer it ûntstean is neat bekend, wol is wis dat de Donia’s op in state dy't lei op of by de yn de buert fan Wanswerd oan de Streek lizzende Doniaterp. Fan dizze famylje (Fan) Donia is net folle bekend. Yn de 16e iuw wenne hjir de ealman Jan Donia dy't grif ôfstamme fan it machtige Donia laach út Easterein. Meidat al yn 1640 it goed opsplitst like te wêzen en fan beide dielen ferskillende Donia’s eigenarers binne is it lestich om de krekte eigeners fan de state te efterheljen.
Nei alle gedachten stie de state op it plak dat yn de stimkohieren fan Wânswert ûnder nûmer 12 oanjûn is. Dêrfoar pleitet it gegeven dat op dit goed twa stimmen rêsten, oarspronklik grif ien op de pleats en ien op de state. Yn 1640 is dit diel fan it goed net mear yn hannen fan de famylje Donia, want yn dat jier stiet Abbe fan Bootsma as eigener neamd. Dr. Sixtus fan Donia wennet dan oan de oare kant fan de wei foar stim 12 oer op stim 27.
Algra skriuwt dat neffens in hear Van der Veen it slot letter ferfongen is troch in lânhûs. It boppesteande en it feit dat de 2 stimmen ûnder nûmer 12 yn 1640 eigendom wienen fan de rike ealman Abbe fan Bootsma út Reduzum docht lykwols fermoeden dat it lânhûs foar de state oer boud is en se mooglik in skoftlang tagelyk bestien hawwe. Yn 1821 waard der in lânhûs by opbod ferkocht ûnder Wânswert en yn 1828 waard it nochris ferkocht, no foar ôfbraak. Fermoedlik hat dat it bedoelde lânhûs west. Op it plak fan it lânhûs soenen twa pleatsen setten wêze.
Eigeners
bewurkje seksje- 16e iuw Jan Donia
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|