Doré (ierdappel)

De ierdappelsoarte Doré is yn 1939 ûntstien troch út de krusing: Earsteling x [Record x (Bravo x Alpha)] en 1947 yn de hannel brocht. De krusing wie fan I. H. Bierma.

Plant
Bloei

Doré is in tige iere oant iere konsumpsjeierdappelras mei gielich fleis, rûnovale, vlakogige knollen mei in brune skyl. De konsumpsjekwaliteit is frijwat better as dy fan oare betide rassen. It ras kin it bêste op klaai en goede sângrûn boud wurde. Op sân kinne holle knollen foarme wurde.

It lof is middenheech en frij stevich. De fearre blêden hawwe smelle bybledsjes. De blom is wyt.

De seane Doré is blommich en smakket goed.

It blêd fan Doré is tige ferber foar de ierdappelsykte, mar de knol safolle net. It ras is ek frijwat fetber foar rude en ûnfetbet foar wartsykte. De firusziekten blêdrol, rûndel en stâlebûnt wurde net samar skipe, mar de firussykten A- en YN-firus is it ras bot gefoelich foar.

 
Fan ierdappelsykte oantaaste knollen