Fjodor Dostojevski

(Trochferwiisd fan Dostojewski)

Fjodor Michajlovitsj Dostojevski (Russysk: Фёдор Михайлович Достоевский) (Moskou, 11 novimber 1821/30 oktoberSint-Petersburch, 9 febrewaris 1881/28 jannewaris) wie in Russysk romanskriuwer en publisist. Hy is ien fan de bekendste auteurs út de Russyske literatuer. Hy wurdt ta de saneamde Realistyske Skoalle yn Ruslân rekkene, hoewol't syn wurk him fan oare realisten ûnderskiedet troch it wiisgearich gehalte en de oerhearskjende dialoochfoarm. Dostojevski liet in mânsk oeuvre nei.

Dostojevski yn 1879
Dostojevski (lofts) en de Kazachstaanke gelearde Shokan Walikhanuli yn 1859

Hy waard ûnder oaren ferneamd mei syn romans De bruorren Karamazov, Misdie en straf en De idioat. Dostojevski skreau yn in typyske hastige styl, mei in protte klam (emfaze) en herhellings. In soad fan syn wichtige persoanaazjes lije en wurde deltreaun fanwegen harren hertstocht. Dostojevski hie te lijen fan epilepsy. Nei eigen sizzen hat dat fan grutte ynfloed op syn wurk west.

Fierder lêze

bewurkje seksje
  • Dr. E. Waegemans - Russyske letterkunde. Oersjoch fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Poesjkin oant Soltsjenitsjin, 1988.
  • Karel van het Reve - Geschiedenis van de Russische literatuur, fan Vladimir de Hillige oant Anton Tsjechov, 1985.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Фёдор Михайлович Достоевский fan Wikimedia Commons.