Douglas A-1 Skyraider
De Douglas A-1 Skyraider is in Amerikaansk ienpersoans gefjochtsfleantúch dat yn tsjinst wie fan 1946 oant it begjin fan de jierren 1980 en tsjinst die yn de Koreaanske Oarloch en de Fjetnamoarloch. De Skyraider hie in ûngewoan lange karriêre, en bleau oan de frontliny tsjinjen oant fier yn de Jet Age (doe 't de measte oanfals- of gefjochtsfleantugen mei sûgermotors ferfongen waarden troch strielfleantugen); dêrtroch waard er troch guon beskôge as in 'anagronisme'.
Douglas A-1 Skyraider | ||
Douglas A -1 J Skyraider fan Squadron VA -176 'Thunderbolts' basearre op it fleandekskip USS Intrepid (CVS -11) by in missy yn de Fjetnamoarloch (1966). | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân f. oarspr. | Feriene Steaten | |
makker | Douglas Aircraft Company | |
gebrûk | ||
earste flecht | 18 maart 1945 | |
yn tsjinst | 1946 | |
út tsjinst | 1973 (FSA) 1985 (Gaboneeske Loftmacht) | |
tal makke | 3.180 (1945–1957) | |
brûkers | United States Air Force Royal Navy Loftmach fan Súd-Fjetnam Frânske Loftmacht | |
grutste brûker | United States Navy |
It tastel waard brûkt troch de United States Navy (USN), it United States Marine Corps (USMC) en de United States Air Force (USAF) en waard ek brûkt troch de British Royal Navy, de Frânske loftmacht, de Republic of Vietnam Air Force (RVNAF) en oaren. It tastel bleau yn Amerikaanske tsjinst oant it begjin fan de jierren 1970.
Skiednis
bewurkje seksjeAl yn juny 1941 joech de U.S. Navy Douglas de opdracht om in opfolger te ûntwikkeljen foar de Douglas SBD Dauntless dûkbommewerper, omdat de eigentlike opfolger, de Curtiss SB2C Helldiver, tal fan problemen joech. Douglas ûntwikkele doe de twasits Douglas S2D Destroyer, dy 't foar it earst fleach op 8 april 1943. Fanwegen de oarlochsûnderfiningen wiene de easken foar in gefjochtsfleantúch op in fleandekskip lykwols sa feroare dat der mar 28 SB2 D's boud waarden. Uteinlik waard de Skyraider keazen út tal fan opsjes, ûnder oare de de Martin AM Mauler. [1]
It prototype fan de Douglas A-1 Skyraider makke yn maart 1945 syn earste flecht. It koe in tige grutte wapenlêst meinimme oan eksterne ophingpunten (saneamde hardpoints) ûnder de romp en de fleugels. Skyraiders waarden foar it earst ynset yn Koreaanske oarloch. Nettsjinsteande dat doe ek de earste strieljagers yn aksje wiene, hie de Skyraider ferlike mei dy tastellen in grut foardiel: syn swiere bewapening tsjin grûndoelen en de mooglikheid om folle langer yn 'e loft bliuwe te kinnen as in strieljager.
De A-1-searje waard mei grut sukses ynset yn de Fjetnamoarloch. Hy waard brûkt foar it ferlienen fan loftstipe, ferrjochte Forward Air Control-taken en operearre ek yn de Search and Rescue-rol.
Ek de Armee de l' Air, de Frânske loftmacht, wie yn Algerynske Oarloch mei de AD-6 útrist.
Piloaten neamden de Skyraider faak leafkjend Able Dog (nei de oantsjutting “AD”), Spad (nei de SPAD S.XIII-jagers fan de Amerikaanske AEF yn de Earste Wrâldoarloch) of Sandy (nei de radioropnamme fan de A-1 fan de USAF yn de Fjetnamoarloch).
Technyske feiten
bewurkje seksjeParameters | AD-7/A-1J |
---|---|
Type | jachtbommesmiter |
Bemanning | 1 |
Lingte | 11,84 m |
Spanwiidte | 15,47 m |
Fleugeloerflak | 37,16 m² |
Fleugellingte | 6,46 m |
Hichte | 4,78 m |
Gewicht leech | 4785 kg |
Maks. startmassa | 11.340 kg |
Heechste faasje | 515 km/o |
Tsjinstplafond | 7.740 m |
Aksjeradius | 1.448 km |
Oandriuwing | ien stjermotor Wright R-3350-26B fan 2800 hk (2088 kW) |
Bewapening | 4 20 mm fluchfjoerkanonnen mei 200 patroanen it stik Oant 3629 kg
|
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- (in) De offisjele webside fan de Skyraider association
- (in) Webside eardere US Navy- en USMC-Skyraider-fleanders
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Douglas A-1 Skyraider fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
---
|