Douwe Amels
Douwe-Jorn Amels (Drachten, 16 septimber 1991) is in heechspringer út Delft. Yn 2011 waard de pakesizzer fan de skipswerf Douwe Amels, Nederlânsk kampioen heechspringen. Douwe wennet yn Delft, dêr't er in stúdzje skipsboukunde folge, mar stapte yn 2010 oer nei de Erasmus-universiteit yn Rotterdam, foar in stúdzje Rjochten.
Douwe Amels | ||
sporter | ||
NK yndoor 2011, Apeldoorn | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Douwe-Jorn Amels | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 16 septimber 1991 | |
berteplak | Drachten | |
etnisiteit | Frysk | |
lingte | 1.95 m | |
gewicht | 80 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Atletyk | |
ûnderdiel | Heechspringe | |
trener | Rini van Leeuwen | |
debút | Juny 2011: EK-lanneteams | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud EK Yndoor 2023 |
As seisjierrige begûn er by Impala yn Drachten oan atletyk, dêr't Sierd Wijnalda him de technyk fan it springen by brocht. Yn de simmer fan 2008 sprong er foar de earste kear oer de twa meter. Nei in wike spesjale trening yn Zoetermeer gienen syn prestaasjes ynienen foarút. Mar trochdat er syn rêchspieren ferkeard brûkte hied er gauris in blessuere. Yn 2009 wie hy mei 2,07 ranglistoanfierder fan de A-junioaren, yn 2010 kaam er oant 2.15 meter. Op 14 maaie 2011 skerpe hy syn persoanlike rekord mei 3 sintimeter oan ta 2.18 meter. Hy debutearret yn juny 2011 yn it Turkske Ismir foar Oranje op it EK-lanneteams. Op 5 febrewaris 2012 sprong indoor er yn Leverkusen in persoanlik rekord fan 2.22 meter. Op it Europeeske kampioenskip yndoor yn Istanboel waard Amels Europeesk kampioen op by it heechspringen mei in sprong oer de 2.31 meter.[1]
Technyk
bewurkje seksjeSyn trener Rini van Leeuwen neamt him in snelheidsspringer. Hy set in ein foar de latte ôf, krêftspringers sutte folle mear ûnder de latte. Troch syn springen op sûplesse kin hy op de trening folle mear sprongen meitsje as krêftspringers, soms wol achttjin.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|