Douwe Bob
Douwe Bob Posthuma (Amsterdam, 12 desimber 1992) is in Nederlânske sjonger. Yn 2012 die Douwe Bob mei oan de talintejacht De beste singer-songwriter van Nederland. Douwe Bob brocht yn 2013 syn debútalbum Born in a storm út. tegearre mei Gers Pardoel en Kensington wie Douwe Bob op 5 maaie 2014 Ambassadeur van de vrijheid en gie mei in helikopter in tal befrijdingsfestivals bydel. Yn 2016 fertsjinwurdige Bob Nederlân op it Eurovisiesongfestival mei it nûmer Slow down, hy behelle yn de finale in alfde plak. Douwe Bob hat fiif studio-albums útbrocht. In 2018 wie Douwe Bob ien fan de fjouwer coaches in it sande seisoen fan de talinetejacht The Voice Kids.
Douwe Bob | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Douwe Bob (2016) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Douwe Bob Posthuma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 12 desimber 1992 | |
berteplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
sjenre | Americana | |
sjongtaal | Ingelsk | |
grutste hit(s) | Hold me, Slow down | |
jierren aktyf | 2012-no |
Priveelibben
bewurkje seksjeDouwe bob waard berne as soan fan keunstner Simon Posthuma en dûnseres Ellen Benard. Douwe Bob is in healbroer fan keunstneres Roselie Posthuma. Syn famylje is fan Frysk komôf.[1] Desimber 2021 waard Bob heit fan twa dochters en yn maaie 2022 fan in soan berne út trije iepen relaasjes.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
Born in a storm | 3 maaie 2013 | Rodeomedia | Multicoloured Angels, Blind Man's Bluff, Stone Into the River", You Don't Have to Stay |
Pass it on | 15 maaie 2015 | Universal | Hold Me (ft. Anouk) |
Fool bar | 6 maaie 2016 | Slow down, How lucky we are, Jacob's song | |
The Shape I'm In | 9 novimber 2018 | Shine, I Do, Consider | |
Born to win, born to lose | 28 maaie 2021 | Hold on, Was It Just Me |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |