Douwe Tot
Douwe Tot (West-Skylge, 30 novimber 1886 - dêre, 2 novimber 1959) wie in fisker en rêdingsboatskipper.
Hy troude yn 1912 mei Trijtje Lettinga, se krigen twa bern. Yn 1923 waard er stjoerman fan de rêdingsboat Brandaris II, fan 1930 - 1950 wied er skipper. Rêde op 142 tochten 251 minskelibbens. In ûngelok yn de loads fan de skipshelling makke in ein oan syn libben. Hy waard opfolge troch syn soan Klaas, dy 't op 8 septimber 1953 ferdronk.
Op 1 maart 1949 fertsjinne Douwe Tot de grutte gouden medalje fan de NZHRM, neidat hy mei syn bemanning 26 opfarrenden rêde fan de yn in swiere noardwester stoarm troch midden brutsen Poalske s.s. Katowice.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|