Douwemastate ek: Doumastate wie in state yn Jislum yn de gemeente Ferwerderadiel. De state stie east fan de Jislumer tsjerke. Fan de state is neat werom te finen.

Oer it ûntstean is neat bekend, mar wie wis foar 1500. Neist de Aynga's wie der yn Jislum in twadde family fan lytse haadlingen: de Douwema's. Thiessa Douwema (De namme Thiesse kaam ek letter noch by de Douwema's foar) te Jislum bemiddele yn 1481 tegearre mei Sywck Winghia te Nes en de hofmaster fan Sion yn in skeel tusken de erfgenamten Tjallinga te Hantum en Tammema te Lytsewier. Gabbe Douwema (fermeld tusken 1511 en 1546) hie fjirtich jier letter hûnderten besittings yn Jislum, Garyp, Reduzum en op de Nijehaaster terp yn Ljouwert. Gabbe stie bekend as "de Godsridder" omdat hy in pylgerreis nei it Hillige Lân ûndernaam. It slagge Johannes van Dijk Doumastaten (sa't it goed yn 1531 neamd waard), Douwema saete en Douwema hiem (1543) te Jislum te identifisearjen as de sate mei nûmer 3 yn it floreenkohier beëasten it tsjerkhôf.

  • Thiessa Douwema
  • 1511, 1546 Gabbe Douwema
  • 1640 Doetke fan Roarda, widdo Donia, brûker Marten Symens
  • 1698, 1700 jonker Tjaard fan Burmania, brûker Jan Cornelis widdo
  • 1728 ûntfanger jonker Epo Sjuck fan Burmania ¾ en in dochter fan Ulbe Sixma fan Andla ¼ , brûker Dirk Jans
  • 1832 Jacob Jenzes Terpstra

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: