Dr. Denker (Dr. Tinker) is de skûlnamme fan in anonime Nederlânske puzelmakker. Dr. Denker krige bekendheid troch de kryptyske rebussen dy’t út syn namme ferskynden. Syn byldpuzels ferskine op de dei foar de Krystdagen yn de blêden fan Mediahuis. Foar de winners binne jildprizen beskikber, mei in haadpriis fan hûnderten euro’s.

Foar’bylden’

De namme Dr. Denker wurdt al brûkt sûnt 1931. Op 4 april fan dat jier ferskynde de earste krúswurd'puzzle' yn it Nieuwsblad van het Noorden. De oplossings koene fan dy tiid ôf opstjoerd wurde nei de redaksje op namme fan Dr. Denker.[1] It earste kryptogram yn it Nieuwsblad van het Noorden ferskynde op âldjiersdei 1960 as 'listige kruiswoord'. [2] Puzelders koene harren oplossingen wer rjochtsje oan ‘Dr. Denker’.

It is foar bûtensteandersin mystearje wa’t efter de Krystpuzel fan Dr. Denker skûlgiet. [3] Neffens eigen sizzen fan de kranteredaksje is Dr. Denker mysterieuzer as ûnder oare Sinteklaas, de krystman en de peaskehazze by elkoar. [4] Fan him is bekend dat er op jierren is en op it Drintske plattelân wennet. Elk jier skillet Dr. Denker mei in fêst redaksjelid dy’t de identiteit fan Dr. Denker beweitst.

Yn 1980 ferskynde de earste spesjale Krystpuzel fan Dr. Denker yn it Nieuwsblad van het Noorden. De Krystpuzel bestiet út fjirtich lytse rebuskes of ‘byldkrypto’s’ mei in eigen oplossing. It oantal letters fan elk oplossingswurd stiet oanjûn. Fan grut belang is de stân of posysje fan de tekene letters en wurden, mar wichtich is bytiden ek de foarm en de ôfwikende eftergrûnkleur. [5] In plaatsje dêr’t in kist op te sjen is, kin samar k=t betsjutte. Mar de letterkombinaasje ‘DMV’ kin ferdútst wurde as ‘M yn DV’ mar likegoed as ‘min DV’.

Oant 1994 waarden swart-wyt plaatsjes ôfbylde dy’t mei de hân tekene wiene. [6]

De oplossings slute oan by in jierliks puzeltema. Sa wie yn 1999 it tema ‘Moade’', yn 2011 ‘Ut de keunst’, yn 2019 ‘Plak’ en yn 2021 'Kriminaliteit' .[7] Yn de yntroduksjetekst wurde ferskate oanwizings oer it tema jûn. Fêst grapke yn elke krystpuzel is in opjefte mei in skraach klaaide dame dy’t stiet foar ‘snol, slet, hoer of del’.

In fêst Dr. Denker testpanel, besteande út redaksjeleden fan de krante, bûcht him foar it ferskinen fan de byldpuzels oer de swierrigensgraad fan de puzels. [8] De puzels fan Dr. Denker moatte útdaagjend wêze foar elkenien, de ‘tink-bylden’ fariearje fan ienfâldich oant ‘tige dreech’.

Nei de fúzje mei de Drentse Courant en it Groninger Dagblad ferskynde de krystpuzel yn it Dagblad van het Noorden. Sûnt 2013 ferskine de Krystpuzels ek yn de Ljouwerter Krante. [9] Neidat de NDC oernomd wie ferskynde de Krystpuzel yn 2021 ek yn de regionale blêden fan Mediahuis.

Alle ‘breinbrekkers’ fan de foarôfgeande 40 jier ferskynden yn 2021 yn boekfoarm. [10]

Yn de wiken foarôfgeand oan it ferskinen fan de Krystpuzel ferskine sûnt 2018 yn it foar in tal opwaarmpuzels en nei de krystdagen noch in ôfkickpuzel. [7] Op Facebook en Instagram ferskine yn desimber inkele kearen wyks beweegjende puzeltsjes, de Dr. Denker Doordraaiertjes. [11]

Yn jannewaris wurdt yn de kranten útlis jûn by de oplossings. [12]

Yn de tiid fan de koronapandemy ferskynden yn 2020 en 2021 ekstra Dr. Denker Peaskepuzels. [13]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Nieuwsblad van het Noorden, 4 april 1931
  2. Laat u de L.K.W. goed smaken en vergeet de poedersuiker niet, Nieuwsblad van het Noorden, 31 desimber 1960
  3. Duizenden extra kranten vanwege kerstpuzzel yn: nu.nl, 23 desimber 2015
  4. Dr. Denker - Wie is toch die man, yn: DVHN
  5. Rugdekking voor Dr. Denker
  6. Uit de archieven van Dr. Denker
  7. 7,0 7,1 LC, 20 desimber 2019
  8. Testpanel buigt zich over Dr. Denker 2018: pittig en erg leuk Dagblad van het Noorden, 20 desimber 2018
  9. Uit de archieven van Dr. Denker, Dagblad van het Noorden, 17 desimber 2018 DVHN
  10. Een gesprek met de mysterieuze Dr. Denker Krystbylage Noordhollands Dagblad, 24 desimber 2021
  11. Decembermaand is Dr. Denkermaand in Groningen en Drenthe
  12. Dit zijn de winnaars én oplossingen van alle puzzels van Dr. Denker 2019 (en lees zijn persoonlijke uitleg) DVHN, 11 jannewaris 2020
  13. De Dr. Denker Paaspuzzel 25 maart 2020 en Dr. Denker Paaspuzzel 2021