Draaisleatsbrêge

De Draaisleatbrêge wie de brêge fan de Balthuskade nei de Prinsengrêft. De getten izeren en houten brêge gong oer de Boschgrêft. Fierderop waard dat wetter de Draaisleat, dy't tagong joech ta de gemeentereiniging. De brêge wie yn 1893 ien fan de getten izeren brêgen ûntworpen troch Hogendijk.

Yn 1957 is de boppenbouw fan de brêge fuorthelle, om't de Draaisleat sa net mear brûkt waard. Foar 2000 is gâns de brêge ferdwûn, mar it krekte jiertal binne wy net wis fan.