Draafsport

(Trochwiisd fan Drafsport)

Draafsport is een foarm fan hynstesport.

Trabrennbahn-1.jpg

Yn de draafsport wurdt in hynder net beriden, mar sit de pikeur op in sulky efter it hynder. It hynder dat foar de sulky rint, is in draver.

Der binne ek draafwedstriden wêrby't it hynder wol beriden wurdt, dit wurdt "Monté" neamd.

Ut Romeinske skilderijen docht bliken dat de draafsport al iuwen bestiet. Op dy skilderijen sjogge wy ek al sulky's yn de draafsport.

Draafsport in NederlânBewurkje

DraafbanenBewurkje

De draafsport wurdt hâlden op draaf- en hurddraversbanen. Der binne yn Nederlân fjouwer banen wêr't op sân rûn wurdt. Dizze banen binne te finen yn Grins, Wolvegea, De Haach (Duindigt) en Alkmar. De measte profesjonele wedstriden wêr't gokt wurde kin, wurde yn Wolvegea en op Duindigt hâlden. Der binne yn Nederlân ek fiif rekreative banen: yn Aduard, Eenrum, De Jouwer, Emmeloard en yn De Like. Hjir wurde de koersen hâlden op gers, sadat der allinnich simmerdeis draafd wurde kin.

Wedzje op hyndersBewurkje

As ien fan de ienichste sporten kin der yn Nederlân op de draafsport ek kommersjeel wedde wurde. Dit kin dien wurde op de draafbanen en wedlokaasjes yn de rest fan Nederlân.

Keppelings om utensBewurkje