Drolshagen is in plak yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen, dat leit yn it Kreis Olpe. It plak hat yn 24.459 ynwenners (31 desimber 2017).

Lizzing fan Drolshagen
Drolshagen

Drolshagen leit yn it swier beboske natoerpark Ebbegebirge yn it Sauerlân. Yn it gebiet lizze swier beboske berchrigen mei hichtes fan hast 500 meter, flakke toppen en brede falleien dêrtusken. Mear as 40% fan it stêdlike gebiet is beboske. Yn it westen dêr't it stêdlike gebiet einiget is in steile helling en mei útsjoch yn de fierte op de rivier de Ryn. Yn 1214 waard de stêd Drolshagen foar it earst neamd yn in dokumint. Yn de 15e en 16e iuw profitearre Drolshagen fan de mynbou yn it gebiet. Produkten fan Drolshagen waarden eksportearre nei Keulen en de Baltyske regio. Yn 1838 ferwoaste in grutte brân hast it hiele palk. Nei de weropbou waard Drolshagen yn 1841 it haadplak fan it bestjoer fan Drolshagen-Lân en Drolshagen-stêd.

Stedsyndieling

bewurkje seksje

De gemeente bestiet út 58 ortschaften:

  • mear as 1.000 ynwenners:
    • de stêd Drolshagen (4.807) - Hützemert (1.092)
  • tusken 500 en 1.000 ynwenners:
    • Iseringhausen - Schreibershof
  • tusken 250 en 500 ynwenners:
    • Benolpe - Berlinghausen - Bleche - Dumicke - Frenkhausen - Germinghausen - Herpel - Wegeringhausen
  • minder as 250:
    • Alperscheid - Beul - Brachtpe - Buchhagen - Bühren - Dirkingen - Eichen - Eichenermühle - Eltge - Essinghausen - Fahrenschotten - Feldmannshof - Gelslingen - Gipperich - Grünenthal - Halbhusten - Heiderhof - Heimicke - Hespecke - Husten - Junkernhöh - Kalberschnacke - Kram - Lüdespert - Neuenhaus - Scheda - Schlade - Schürholz - Sendschotten - Siebringhausen -Stupperhof - Wenkhausen - Wintersohl

Drolshagen hat sûnt oktober 1967 in gearwurkingsferbân mei De Jouwer (gemeente De Fryske Marren) Boppedat is der in freonskipsbân mei Helmsdorf yn Thüringen.

  • St.-Clemens-Pfarrtsjerke - De toer fan dizze romaanske roomske tsjerke hat syn oarsprong yn it jier 1491 en hat sân klokken yn de folchoarder g ° -a ° -c'-d'-e'-g'-a '. De grutte Kristus-Kening-klok is de grutste jitizerene klok yn it aartsbisdom Paderborn. De oare klokken, dy't keunstich fersierd binne, waarden yn 1993 jitten yn brûns. It doopfont waard makke yn de 113e iuw.
  • Sistersjiënzer kleaster - Tusken de kleasters dy't stifte waarden troch Mechthild fan Sayn en har man Hindrik III fan Sayn, leit it sistersjiënzer kleaster Drolshagen út 1235. Yn de rin fan de sekularisaasje waard yn 1803 it kleaster ûntbûn en tusken 1975 en 1987 waard it gebou renovearre. Dêrnei waard it in ûnderkommen oar it stedskantoar en de muzykskoalle, mei keamers foar spesjale kulturele eveneminten.
  • Eichener mole - De eardere nôtmole "Im Kreuzohl" waard al neamd yn in dokumint út 1512. It monumint wurdt as hûs brûkt.
  • Boskkapel Hünkesohl - De Marijekapel is in beafeartsoarde dat alle jierren brûkt as maaie-beaenkapel. De kapel waard boud yn it Marijejier 1954 yn houten blokken.