Drone (film út 2017)
Drone is in film út 2017 oer immen dy't wurket as kontraktant fan 'e CIA en op ôfstân doelen út de wei rommet mei rakketoanfallen fan drones. De film is regisearre troch Jason Bourque en gie op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver yn april 2017 yn premjêre.
Drone | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Jason Bourque | |
produsint | Sefton Fincham Ken Frith | |
senario | Paul A. Birkett Jason Bourque | |
kamerarezjy | Asim Nuraney | |
muzyk | Michael Neilson | |
distribúsje | Screen Media Films | |
spilers | ||
haadrollen | Sean Bean Patrick Sanbongui Mary McCormack Maxwell Haynes | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Kanada | |
premiêre | 26 maaie 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | skriller | |
taal | Ingelsk, Oerdû | |
spyltiid | 91 minuten |
Ferhaal
bewurkje seksjeNeil Wistin wurket yn it geheim as kontraktant foar de CIA en is in raderke yn 'e Amearika's war on terror. Op grutte ôfstân fan syn doelen bestjoert er fanút de stoel de drones nei de lokaasje dêr't it doel is en lit er de drone in raket ôffjurje om dat doel te fermoardzjen. Hy hat thús in frou en in soan, dy't neat witte fan it wurk dat er docht.
Troch in datalek komt in klokkeliederside efter syn namme, dy't him as de man efter de knoppen fan in pear deadlike oanfallen oanwiist, en op in dei stiet der in Pakistaanske sakeman by him yn 'e tún. It is Imir Shaw, dy 't belangstelling liket te hawwen foar in boat, dy't Neil Wistin yn 'e tún te keap stean hat. De manlju reitsje oan 'e praat en Neil lit him de boat besjen. As it tinken wurdt, noeget Wistin him yn syn hûs út en nei't der in deal liket te wêzen moat dêr op dronken wurde. Imir Shaw rekket ek yn 'e kunde mei Neil's frou en soan en hja freegje him om te bliuwen en mei te iten. Wat langer as de Pakistaan op besite is, wat mear hy oer himsels en syn frou en dochter thús fertelt, mar hja bliuwe noch lang ûnkundich dat Shaw syn frou en dochter as "collateral dammage" ferlear by in droneoanfal, dy't op 'e hiemside fan 'e klokkelieders oan Neil Wistin koppele wurdt.
It praat oan 'e tafel wurdt yn 't lêst ûngemaklik as Shaw ferteld dat syn frou en dochter net mear libje. As hy ek begjint te fertellen op hokker wize hy se ferlear, kriget Neil Wistin it jimmeroan benauder en begrypt er, dat Imir Shaw foar in hiel oar doel yn syn hûs is as it keapjen fan in boat.
Rolferdieling
bewurkje seksjepersonaazje | akteur/aktrise |
Neil Wistine | Sean Bean |
Imir Shaw | Patrick Sabongui |
Ellen Wistin | Mary McCormack |
Shane Wistin | Maxwell Haynes |
Gary | Joel David Moore |