Alkoholisme

swierrichheden feroarsake troch it oermjittich en twangmjittich ynnimmen fan alkohol
(Trochferwiisd fan Dronkelap)

Alkoholisme (ek dranksucht, drankslijens of drankswietens) is in brede oantsjutting foar de swierrichheden dy't te krijen hawwe mei it ynnimmen fan alkohol. Yn 'e regel wurdt dermei bedoeld: it fanwegen in ferslaving sawol oermjittich as twangmjittich ynnimmen fan alkoholhâldende dranken, resultearjend yn negative gefolgen foar de alkoholist syn sûnens, wurk, priveelibben en sosjale status. De medyske wittenskip beskôget alkoholisme as in sykte. Yn 'e psychiatry wurde njonken "alkoholisme" noch in pear oare termen brûkt, nammentlike "alkoholmisbrûk" en "alkoholôfhinklikheid", dy't justjes oare betsjuttings hawwe.

Gin Lane, fan William Hogarth.
De Drinker, troch Albert Anker (1868).

Alkoholisme is in progressive oandwaning, dy't de slachtoffers yn 'e regel almeast stadichoan bekrûpt, en wat langer wat slimmer wurdt. Faak begjint it mei in "slokje foar de gesellichheid" út en troch, wêrby't meitiid de frekwinsje fan 'e drinkmominten almar tanimt, oant de persoan yn kwestje (of syn om-en-by) op in stuit ta it besef komt dat er net mear (of net mear goed) sûnder alkohol funksjonearje kin. Syn hâlden en dragen sil dan yn hieltyd sterkere mjitte beynfloede wurde troch drank, wat liede kin ta bgl. plichtsfersom, ferwaarleazging (fan bern, húsdieren, ensfh.), opsternatens, húslik geweld en ûnthâldsstoarnissen. Om as alkoholist wer fan 'e drank ôf te kommen is dreech, mei't men dan, lykas by alle slimme ferslavings, pynlike en tige ferswakjende ûntwenningsferskynsels oerwinne moat.

Eleminten dy't bydrage kinne ta (in hegere kâns op it oanhelle reitsjen mei) alkoholisme binne û.m. jins maatskiplike fermidden, geastlike sûnens, famyljeskiednis, âldens, etnyske groep, geslacht en wurkrelatearre stress. De Wrâldsûnensorganisaasje rûst dat der wrâldwiid likernôch 140 miljoen alkoholisten wêze moatte. Tajaan dat men alkoholist is, kin tige dreech wêze fanwegen it sosjale stigma dat dêroan klibbet, en dat skamte of eangst foar de sosjale gefolgen opropt. Om alkoholisten te helpen is dêrom yn 1935 yn 'e Feriene Steaten de organisaasje Alcoholics Anonymous (AA) oprjochte, wêrfan't de namme "Anonime Alkoholisten" bestjut; men hoecht op 'e AA-gearkomsten, dêr't alkoholisten en âld-alkoholisten inoar helpe om fan 'e drank ôf te kommen en te bliuwen, inkeld jins foarnamme te neamen. Fierders binne der ûntwenningskliniken (gauris "ôfkickkliniken" neamd), dy't har spesifyk talizze op it bestriden fan ferslavings oan alkohol en drugs. Dêrfan is de meast ferneamde wierskynlik de Betty Ford Klinyk, yn Rancho Mirage, dy't stifte is troch Betty Ford, de frou fan 'e Amerikaanske presidint Gerald Ford, om't dy sels ek lange tiid alkoholiste wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.