EPMD is in East coast hiphop groep út New York City, Feriene Steaten. Hja binne al sûnt 1986 warber yn de muzykyndustry. De namme is in ôfkoarting fan Erick and Parrish Microphone Doctors, of sa as op it "Back in Business" Album „Erick And Parrish Making Dollars“. Harren debút Strictly Business is in gouden plaat wurden en jildt as in klassiker yn de hiphop sêne. De groep bestie fan 1986 oant 1993, fan 1997 oant 1999 en fan 2006 oant no (2017).

EPMD yn 2006

Diskografy bewurkje seksje

  • 1988 - Strictly Business
  • 1989 - Unfinished Business
  • 1990 - Business As Usual
  • 1992 - Business Never Personal
  • 1997 - Back In Business
  • 1999 - Out Of Business
  • 2008 - We Mean Business