Eagumerdjip

(Trochferwiisd fan Eagumer Djip)

It Eagumerdjip is in wetter yn de gemeente Ljouwert. It Djip is in ûnderdiel fan it farwetter tusken Yn 'e Lijte (de jachthaven fan Grou) nei it noarden oant Wergea. Fan Grou ôf komt men dan earst troch de Nauwe Galle, en nei de Kromme Sleat rochting Idaerd hjit it wetter it Eagumerdjip. Fan Domwier ôf hjit it Wergeaster Feart.

De namme 'Eagumerdjip' jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Aegumerdiep.