Earmhûs (De Jouwer)

It Earmhûs fan De Jouwer wie in gebou yn de Toerstrjitte op De Jouwer. It gebou waard yn 1838 boud en bestie oant 1958.

It Earmhûs oan de Toerstrjitte

Neist twa sliepsealen wiene der twa deiferbliuwen. Foar beide romtes gou: ien foar manlju en ien foar froulju. Echtpearen waarden fan elkoar skieden. Yn 1941 krige it Earmhûs de namme 'Tehûs foar âlden fan dagen'. Yn 1967 is it gebou ôfbrutsen.[1] Yn 1956 waard Vegelinshof yn gebrûk nomd as ferfanging fan it Earmhûs.

Der waarden om 1838 hinne ek earmhuzen boud yn Huzum, Lekkum en Mitselwier Hoopende dat daardoor het belang, zowel der behoeftigen, als der ingezetenen, zou worden bevorderd; gelijk men aanvankelijk grond had zich te vleijen.[2] It gebou njonken it earmhûs waard fan 1880 oant 1895 brûkt as weeshûs.[3]

Mear opfangplakken op De Jouwer

bewurkje seksje
It Sân

Dit earmhûs oan It Sân waard fan 1844 oant 1862 brûkt as Earmhûs foar húshâldings. Yn 1862 is it ôfbrutsen om romte te meitsjen foar de Jouster Earmeskoalle.

It Sael

Yn de Keakelsteech wie eartiids earmhûs It Sael foar dakleazen.[4]It Sael waard yn 1954 ferboud foar gieljitterij Keverling en waard dêrnei in ûnderdiel fan Museum De Jouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. T. Bijlsma: Joure in oude Ansichten ISBN 978-90-288-3817-8
  2. A.J. Lastdrager - Lid der maatschappij der Nederlandse lettkunde te Leiden - Nieuwste geschiedenissen van Nederland in jaarlijksche overzigten (ook van Europa’s toestand)..., Volume 7 (Amsterdam, 1847]
  3. Piet Rigter van der Zee - Joure in grootmoeders tijd ISBN 978-90-288-6142-8
  4. Monumintedei