Anus
De anus (Latyn foar "kring") of ears is de útein fan 'e earsterm of einterm (rectum), en it plak dêr't fêste ôffalstoffen út it lichem fan minske en bist útsmiten wurde.
Opbou
bewurkje seksjeDe anus bestiet by de minske út twa slútspieren of sfinkters, dy't ynbêde lizze tusken de beide fleizige stuten. Dêrby giet it om 'e útwindige dwersstreke slútspier, de musculus sphincter ani externus, dy't bewust betsjinne wurde kin ta ôfsluting fan it rektum (de útein fan 'e earsterm), en de ynwindige slútspier, de musculus sphincter ani internus, dy't út glêd spierweefsel bestiet en wêrfan't de wurking net bewust beynfloede wurde kin. De anus is fierders goed trochblet, mei ferskate grutte ieren.
Unfertarbere itensresten, troch de lever útskate galkleurstoffen, ôfstate slymfluessellen en baktearjes dy't yn 'e terms groeid binne, wurdt fia de anus yn 'e foarm fan ûntlêsting út it lichem ferwidere.
De hûd fan anus en it gebiet deromhinne is, ticht beset mei gefoelssenuwen. Dêrom wurdt de anus ta de erogene sônes rekkene, want oanrekking kin faak ta seksuële opwining liede. In oansjenlik diel fan 'e minskheid, en beslist net inkeld homoseksuëlen, kin sadwaande genot belibje oan it bedriuwen fan anale seks, wêrby't de penis fan 'e iene sekspartner ynbrocht wurdt yn 'e anus en/of it rektum fan 'e oare sekspartner.
Om 'e anus hinne groeit by folwoeksen minsken skamhier, krekt sa't dat it gefal is by de geslachtsdielen. Guon, en hieltyd mear, minsken skeare it skamhier om 'e anus hinne lykwols ôf, om praktyske (hygiêne), estetyske of eroatyske redens. Oan 'e sydkanten wurdt de anus omjûn troch de stuten, oan 'e efterkant fan it lichem troch de naad en oan 'e foarkant troch it saneamde perineüm, it faak gefoelige stikje hûd dat de anus fan 'e geslachtsdielen skiedt.
-
De manlike anus
-
De froulike anus
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|