Eastsibearyske See

(Trochferwiisd fan East-Sibearyske See)

De Eastsibearyske See (Russysk: Восточно-Сибирское море; Vostótsjno-Sibírskoje Móre) is in diel fan de Noardlike Iissee en hat in oerflak fan sa'n 913.000 km², dy't it grutste part fan 't jier beferzen is. De see leit tusken de Arktyske Kaap (op Komsomolets) yn it noardwesten, de Nijsibearyske Eilannen yn it westen, de Russyske dielgebieten Sacha yn it suden en it eilân Wrangel yn it easten. It grinzet oan de Laptevsee yn it westen en de Tsjûktsjensee yn it easten.

Eastsibearyske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken de Nijsibearyske
   Eilannen
, Wrangel en it
   fêstelân fan Sibearje
lân Ruslân
koördinaten 72° N, 163° E
ûnderdiel fan Noardlike Iissee
sifers
maks. lingte 1.500 km
maks. breedte 700 km
oerflak 987.000 km²
djiptegemiddelde 66 m
djipste punt 915 m
wetterfolume 57.000 km³
Laptevsee (l.) en Eastsibearyske See (rj.) mei de Nijsibearyske Eilannen yn 'e midden.
Laptevsee (l.) en Eastsibearyske See (rj.) mei de Nijsibearyske Eilannen yn 'e midden.

De see is frijwat ûndjip; 70% fan de see is net djipper as 50 meter en it djipste punt leit op 915 meter.

De wichtichste rivieren dy't ôfwetterje op de see binne de Chroma, Indigirka, Alazeja, Kolyma en Poetsjevejem. Yn de see lizze de Beareneilannen. It wichtichste havenplak is Pevek yn Tsjoekotka.

De súdlike kust bestiet yn Jakoetje út de leechlân (Jano-Indigirkaleechflakte en Kolymaleechflakte). Nei de Kolymarivier begjint in wat heuveleftich gebiet yn Tsjoekotka. De trochsnee luchttemperatueren wikselje fan 0 °C oant 2 °C (4 °C yn it súdlik part) yn de simmer en dale oant -30 °C yn de winter.

It gebiet waard ferkend troch Russyske seefarders yn de 17e iuw, dy't fan riviermûning nei riviermûning farden yn harren kotsjen. Yn 1648 besilen Semjon Dezjnjov en Fedot Aleksejev de kust fan de rivier de Kolyma ôf oant de rivier de Anadyr en de Beringstrjitte. Letter waarden de eilannen en de Sibearyske kust troch de ekspedysjes fan 1735-1742, 1820-1824, 1822, 1909 en 1911-1914 yn kaart brocht.