Eben-Haëzer (Suwâld)

Eben-Haëzer is de namme fan wat oant it jier 2000 it tsjerkegebou fan 'e Grifformearde tsjerke fan Suwâld wie.

Eben-Haëzer
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Suwâld
adres Tsjerkebuorren 53
koördinaten 53° 10' N 5° 55' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Grifformeard
status bûten gebrûk sûnt 2000; no wenhûs
Arsjitektuer
boujier 1864
Kaart
Eben-Haëzer (Fryslân)
Eben-Haëzer
 
Gevelstien.

De Eben Haëzertsjerke oan 'e Tsjerkebuorren waard foar de ôfskieden tsjerke fan Suwâld boud. De earste stienlizzing foar de ienfâldige sealtsjerke mei in útbou oan 'e noardlike muorre waard op 12 july 1864 lein.

Yn 1892 gyng de gemeente ynearsten mei yn 'e feriening fan 'e ôfskieden en dolearjende tsjerke, mar op 20 july 1893 naam de gemeente ûnder lieding fan dûmny J.W. Draijer (1851-1894) ôfstân fan de feriene grifformearde tsjerke. Tegearre mei de tsjerkeried en it grutste part fan 'e gemeente kearde de dûmny werom nei de fuortsette Kristlike Grifformearde Tsjerke. De minsken dy't harren net fine koene yn dy lêste skuorring tsjerkten ynearsten yn in skuorre. Dûmny J. Kooi (1848-1925) út Burgum naam de pastorale soarch op foar de pear grifformearden dy't yn Suwâld efterbleaune. Letter tsjerkten de Suwâldster grifformearden yn Oentsjerk en troch de wike kamen hja mei jimmeroan mear minsken tegearre yn Suwâld. Somtiden sletten ek kristlik-grifformearden har oan. Ek de Kristlik-Grifformearde tsjerke woeks troch't guon út 'e omkriten fan Suwâld harren oansletten.[1] Mei't de kristlik-grifformearde gemeente in skeel krige mei de kristlik-grifformearde Synodale Kommisje sleat it grutste part fan de gemeente him yn 1899 wer by it ferbân fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân oan. In lytse kristlik-grifformearde gemeente bleau efter en wist it bestean noch oant 1939 te rekken, doe't de Kristlik-Grifformearde tsjerke fan Suwâld opheft waard.[2]

 
It oargel.

De opheffing fan de grifformearde gemeente

bewurkje seksje

Yn it Samen op Weg-proses waard by it tegearre gean fan de herfoarmen en grifformearden keazen foar de âlde Herfoarme tsjerke. Eben Haezer waard ôfstjitten en nei de lêste tsjinst yn febrewaris 2000 ferkocht oan in partikulier. De tsjerke waard fuortendaliks dêrnei yn gebrûk nommen as wenhûs.[3]

Yn 'e Grifformearde tsjerke stie in monumintaal oargel út 1787 fan Westfaalske komôf. Oarspronklik wie it ynstrumint nei alle gedachten boud foar in Dútske kleastertsjerke. Om 1886 krige it oargel in plak yn de grifformearde Plantaazjetsjerke fan Amsterdam. Yn 1931 waard it instrumint troch de Grifformearde tsjerke fan Suwâld oernommen en troch Flentrop Oargelbouw wer opboud. Nei in ôfskiedskonsert op 29 maaie 1999 waard it oargel ôfbrutsen en opboud yn de Maranathatsjerke fan Alfen oan de Ryn. Mei de ferhûzing fan it oargel nei Alfen oan de Ryn gyng foar Fryslân in ryksmonumint ferlern.[4]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: