Eco Haitsma Mulier
Eco Haitsma Mulier (Boalsert, 13 jannewaris 1843 - De Haach, 5 maart 1920) wie in Nederlânske bestjoerder.
Haitsma Mulier wie in soan fan mr. Johannes Haitsma Mulier (1811-1859) en Maria Louisa Ypeij (1816-1898).[1] Hy troude mei Aleida Thoden van Velzen. Ut dit houlik waarden ûnder oaren soannen Sijo en Gerard berne, dy’t beide boargemaster waarden.
Haitsma Mulier syn karriêre begûn by de Keninklike Marine, dêr’t hy it ta luitenant-op-see 2e klasse brocht. Yn 1872 waard hy beneamd ta boargemaster fan Sleat. Hy stie dêrnei yn Utingeradiel en Winterswijk (1883-1905).
Haitsma Mulier wie Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy ferstoar doe’t er 77 jier wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|